Bulletin

Myn binêre koade

Bêste bondel 2021 fan ’e LC

De Leeuwarder Courant hat Myn binêre koade fan Friduwih Riemersma keazen ta Bêste bondel fan 2021.

Yn Myn binêre koade. Fersen tommelje flechtige en unheimliche sênes tommelje foarby: ‘ús heit wy kinterje him hieltyd wer om syn ballast út te smarren hoewol’t syn perk al bol stiet oan ’e kopse ein.’ Yn ‘losse slanters’ docht in lumige skriuwer, dy’t ‘net mear nei hûs as in loyale postdo sil’ oan mem har ‘libbensferhaal’. De ‘post’ fol moard en leafde is bytiden maniakaal. Mar hieltyd ûntspinne de rigels har om de ûnearlikheid en seksleazens fan it deistich libben, in klacht dy’t brocht wurdt mei rûge niget: ‘ik it selsmakke fanke sprokkelje yn beide hemisfearen nei ferkearde helden ik bonsjoerje tankewol in geit de kliffen op fan jûdea’ …
Mear 
Bestel

Bûntskildere werklikheid

Ferjit de fiksaasje op it literêre Wunderkind. Op har tachtichste brocht ‘letbloeier’ Antsje Swart Bûntskildere werklikheid. Oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma út. In portret fan de jonge keunstner, yn finjetten mei titels as ‘Ambysje’ en ‘Demokrasy’, sûnder ferblomkjen en beselskippe fan in ryk tinzelibben.

Se wie de frouljusfiguer yn syn ferhalen, syn ynspiraasje foar as er húslike foarfaltsjes fantasyfol opgniste yn in roman, syn klankboerd dy’t syn maten en de hiele famylje goed kende. Se swimele by syn jongfeinte-hofeardigens: hy wie de ‘god fan stront en jiske!’ En se werkende hoe briljant oft er wie, lang foar’t er in bekende skriuwer wie …
Mear 
 Bestel
Parsepakket

Dof fiolet is ’t west, ferfryske troch Eppie Dam, útjouwerij Grotesk

Boekpresintaasje Dof fiolet is ’t west

Sjogge oaren deselde werklikheid as ik? As oaren har eigen werklikheid sjogge en net mines, hoe kin ik dan mei oaren prate? Kin ik wol yn kontakt komme mei de werklikheid bûten my? Dy wanhopige kwestjes fan ienlikens brocht Johan Andreas dèr Mouw ta de Upanishads, de âlde kennis dat de ynderlike wrâld en de ‘Umwelt’ ien binne. Sa sei Dèr Mouw-biograaf Lucien Custers op de boekpresintaasje fan Dof fiolet is ’t west yn Tresoar op 15 desimber, mei bûtendoar de krystmerk yn folle gong.

Dof fiolet is ’t west, ferfryske troch Eppie Dam, útjouwerij Grotesk

Dat sykjen nei hoe’t wy allegearre diel binne fan it Al brocht Dèr Mouw ek ta it dichtsjen. Fan syn fersen sette dichter Eppie Dam sechstjin sonnetten oer, ynsprirearre troch de krekt ferskynde biografy en de blomlêzing út Dèr Mouw syn wurk, dy’t fan ’t simmer in tamdem ferskynden.

Dof fiolet is ’t west, ferfryske troch Eppie Dam, útjouwerij Grotesk

Sintraal yn Dam syn seleksje fan sechstjin fersen stiet it finen fan ferbining tusken de tsjinstellingen yn it universum. It gewoane deistige en it esotearyske fier boppe ús, dat is allegearre ien en itselde. Lienke Boot droech foar:

Ferwyldre is ’t, hast plat, feal en fertutte,
sadat ik – ’k sjoch se noch – dy moaie grutten
yn de ferskronfelen amper herken
Dof fiolet is ’t west, ferfryske troch Eppie Dam, útjouwerij Grotesk

De akkordeon is in ûnderwurdearre ynstrumint; mei syn ûneinige kleurskakearringen kin er lykas de minsklike stim alle fluktuearjende emoasjes oanreitsje. Akkordeonist-komponist Herman Peenstra is dêrom rjochte op it omsetten nei muzyk fan grutte literêre uteringen, mei de goede wurden om syn klanken yn te ankerjen. Peenstra sette trije ferfryske sonnetten oer yn lieten dy’t net sasear sfearysk of narratyf binne, as wol rjochte op it ynderlik proses fan muzyk. Minimal hast, mei werhellingen fan frazen en konsonant­harmony, as om de Brahman hinne, de universele werklikens dy’t yn de dingen is.

Dof fiolet is ’t west, ferfryske troch Eppie Dam, útjouwerij Grotesk
Yn ús salon, boppe ’t antyk buffet,
hong oan ’e muorre in prachtich portret,
fan in mem dy’t sliept; se sil wurch west ha;

en neist har lei in berntsje dea op bêd;
in ingel hong derbij; ’k wist net hoesa;
en droech it berntsje nei de himel ta.
útjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

In ûnferwachte tajefte wie in fideo-opnamme fan foardrachten troch Eppie Dam sels. Om’t de sykte fan Huntington dat net talit lêst Dam net foar út eigen wurk foar it publyk. Mar wol foar de kamera, in oersetting fan Dèr Mouw en in eigen gedicht.

Ik, gjin Brahman, tink himels oer myn faam.
Ik doch yn hûs allinnich wat ik kin
en stroffelje oer wurden sa’t ik bin,
it maklik praten stadichoan benaam.

As jo net mear witte hoe stil te wêzen en te betinken hoe’t de ûnderfining yn it libben fan in oar wêze kin, dan is dat presys genôch.

Mei tank oan Lucien Custers, Herman Peenstra, Haye Bijlstra, Lienke Boot en Eppie Dam.
Mear 
 Bestel
Besjoch hjirde foardracht troch Eppie Dam (Youtube)

Dof fiolet is ’t west, ferfryske troch Eppie Dam, útjouwerij Grotesk

Krekt ferskynd: Dof fiolet is ’t west

In rige fan sechstjin sonnetten fan Johan Andreas dèr Mouw, ferfryske troch Eppie Dam, mei byldwurk fan Friduwih Riemersma.

Stel jo wennen yn de J.A. dèr Mouwstrjitte. Men heart dêr, nei de lêste trein, in klokje suver tinkeljen. Ut it easten komt de moanne op. Ut it westen waait ûnwissens. In wolk hinget ivich boppe de kleau tusken wrâld en himelfjoer. Sjoch, de sweltsjes fleane út de bocht. In griis bern pianospilet, wylst Brahman efterhûs om wiisheid siket.

Eppie Dam
Dof fiolet is ’t west. 16 sonnetten fan Johan Andreas dèr Mouw
Mear 
Bestel

Krekt ferskynd: Brekizers fan de foarútgong fan Philippus Breuker

Jo kinne amper tefolle beklamje al hoe’t yn de njoggentjinde ieu it artistyk oplibjen fan de Fryske taal ôfhong fan in pear tige tawijde auteurs. De negative hâlding foar uteringen yn it Frysk oer parearren hja mei Frysktalich proaza, orale en skreaune poëzij, lieten en toaniel en yn it algemien mei it oanmoedigjen fan it opnij libjen fan de artistike kreativiteit yn alle sjenres dy’t in echo wiene fan de Fryske taal en de doarpskultuer. Under dy tawijde auteurs, dy’t it Frysk ‘ûntdutsen’ as literêre taal, binne de net publisearjende en dus folslein fergetten Skearnegoutumer boer Auke Ykema, de allyksa fergetten doarpsdokter J.H. Regenbogen en de allang net mear lêzen notaris Sjirk van der Burg.

Dizze trije sintrale figueren yn lêsselskip Vriendenkring brochten op winterjûnútfieringen wurken nei foaren dy’t de lêsselskipleden fan harren ferwachten. Dat wie fermeits; mar der wie “ferlet fan publyk fermeits op nivo. [En] der wie ek noch wat oars. It wie mei dy selskippen in saak fan de foarútstribjende liberale boargerij, dêr’t de ortodoksy net oan dielnaam.” Dat betsjutte dat der romte wie foar nije etysk-religieuze fisys op frijheid en foar in posityf minskbyld, al gie dat, te sjen oan hoe’t Ykema him ta de harker rjochtet, stadich: “Safolle lykwol is wier, as ik dy minsken dêr ûnder my de iene of oare tiid ris te nei kaam, hja my handich om myn sosjale tinkbylden yn ’e kas prakkesearje soene.”

Ykema makke meast gelegenheidswurk. Der is neist, hoe kin it ek oars, ynfloed fan Waling Dykstra, oansluting by de sjenres dy’t yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu populêr wiene. Der binne grappige rymstikken, net om’t de Fryske taal foar neat oars doge soe as plat fermeits, mar om’t humor oan de groep dy’t net de macht hat—lês: net de tsjerkelju—fermogen jout om ûnbesprekbere tsjinstridigens yn maatskiplike posysjes besprekber te meitsjen. Dat docht Ykema; typearjend foar him is dat er altyd sosjale dialooch of dialektyk besprekt, it hannelet hieltyd oer konfliktearjende sjenswizen. Yn ’e anekdoaten, folksferhalen en wat gothic-eftich mystearjes libje planteit eksoatsyke en fantastyske figueren dy’t, sa konkludearret Breuker, tsjinje om it ûnsisbere, transendinte op it aljemint te bringen: “It is mar skyn wat der bart en sein wurdt, mar krekt troch dy skyn wurdt wat dúdlik makke dat oars ferburgen bliuwt.” De foardrachten fan Vriendenkring binne te sjen, seit Breuker, as ynwijing yn it ferburgene: dat it Fryske folk erfgenamt wie fan in grut ferline.

Van der Burg brûkt historisearjend proaza. Syn ferhalen spylje earder, se litte de folkskultuer sjen en wylst Ykema docht as hie er it sels meimakke, presintearret Van der Burg syn ferhaal as in autentyk feit. Mar it ferline wurdt bewarre yn it ûnthâld, dat de betsjutting derfan is altyd subjektyf. Dêrtroch jouwe Van der Burg likegoed as Ykema en Regenbogen ynterpretaasjepatroanen om it ferline mei te behanneljen, estetyske eleminten en normative faktoaren, lykas Regenbogen docht yn syn briljant filosofysk ferslach fan in “Fûgeljûn” yn it doarpskafee. Sa is de betsjutting fan it ferline de praksis fan it libben hjoed: it mytyske is ek altyd it hjoeddeiske.

Dêrfoaroer is der de lytse minske. “Elke ezel hat in rjocht op my,” sa ferdigenet, yn in imazjinêre reis fan Ykema, de ierde him foar syn minne funksjonearjen. Mar opfallend, no noch en doedestiids yn it kwadraat, is it leauwe yn de oanberne goedens fan it minskdom, symbolisearre yn de fantasije fan de nostalgy en yn it berymde folkslibben mei de natuerlike minske. “Lykas de bernejierren ús faak ferkwikje, as de gedachten en fielingen derút yn ús opwâlje, sa is it ek goed,” skriuwt Regenbogen, “dat it folkslibben, as it net ferskromfelje sil, ris fernijd wurdt en wer ris begetten wurdt út de ivige boarne fan it ferline.”

Ferskynt meikoarten!

Brekizers fan de foarútgong

fan Philippus Breuker

Jo kinne amper tefolle beklamje al hoe’t yn de njoggentjinde ieu it artistyk oplibjen fan de Fryske taal ôfhong fan in pear tige tawijde auteurs. De negative hâlding foar uteringen yn it Frysk oer parearren hja mei Frysktalich proaza, orale en skreaune poëzij, lieten en toaniel en yn it algemien mei it oanmoedigjen fan it opnij libjen fan de artistike kreativiteit yn alle sjenres dy’t in echo wiene fan de Fryske taal en de doarpskultuer …
Mear 
Bestel

Foto: Haye Bijlstra, 23 juny 2017

Grotesk yn it nijs

Fraachpetear mei Tsjomme Dijkstra, de Moanne, 27 april 2017

De skriuwer fertolket de haadrol

De Fryske literatuer is sûnt koart in útjouwerij riker: Grotesk, oprjochte yn Amsterdam, wol útjeften op it mêd fan eksperimintele literatuer en krityske essays útbringe. “Yn septimber binne wy begûn”, fertelt oprjochtster Friduwih Riemersma. “Ik wie mei myn eigen bondel Kultuerferlies dwaande en tocht deroer om dy yn eigen behear út te bringen. Mar myn freon Abe de Vries sei tsjin my: dat moatst net dwaan. Ik ha der noch oan tocht it dochs by in útjouwer dwaan te litten. Mar doe kaam ik, eins by tafal, fia myn dochter in printster tsjin dy’t ik alles freegje koe oer útjaan. Doe tocht ik: dan doch ik it sels.”

It semi-wittenskiplike kin net maklik útjûn wurde, dat is in gat dêr’t wy yn sprongen binne.

En doe hast sels in útjouwerij yn it libben roppen. Wolle jimme troch eksperimintele literatuer en essayistyk te stimulearjen de Fryske literatuer in grutte ympuls jaan?
“Ja, wy wolle de literatuer op dy mêden stimulearje. Wy hawwe grut fertrouwen yn de Fryske útjouwers hear, Bornmeer en de oare útjouwers. Se dogge it allegear hiel goed. Mar foar de hege literatuer, los fan gedichten, is der net sa folle. Dat is in min gebiet yn de Fryske literatuer en ek mar mei in hantsjefol lêzers fansels. Sis mar it semi-wittenskiplike kin net maklik útjûn wurde, dat is in gat dêr’t wy yn sprongen binne.”

Wat is der mooglik, kwa redaksjewurk, begelieding, assistinsje?
“Wy helpe by it útjaan fan it wurk. En dogge je dat leaver yn eigen behear, dan leverje wy de kennis. It stimulearjen is foaral yn de rjochting fan it proses, dat mear as it produkt. Abe hát ek mear mei de ynhâld. Redaksjewurk sil er altyd dwaan. En myn dochter helpt yn saaklik opsicht hiel bot. Sy studearret boekwittenskip en dat is in hiel praktyske en ekonomyske stúdzje. Wy ha Aggie van der Meer har bondel Ho Wu en Misty Mac útjûn, dy ferskynde yn desimber. Dy bondels is eins cross-sjenres; hy befettet in protte technysk eksperimint. Leuk foar skriuwers, se is in writers writer. Mar der binne ek ferhalen mear yn de rjochting fan de essayistyk. Oansetten ta sosjaal ûndersyk. Dat is by ús better op syn plak as by de Afûk. En ek foar oar jier binne der al ferskate plannen, dus it wurdt al lestich om it by ien boek it jier te hâlden.”

Jimme wolle it plan fan de skriuwer as útgongspunt nimme. Hoe grut is it ferskil tusken jim wurkwize en de wurkwize fan oare útjouwers tinkst yn de praktyk?
“It is de bedoeling dat wy it redaksjewurk bot ûnderstypje sille. Lêsten waard bekend dat de Provinsje de boekpromoasje oars oanpakke sil. De Afûk krijt de promoasje offisjeel as taak. En dat is geweldich, dat it dien wurdt. Mar foardat it boek der leit is der fansels ek in hiel soad wurk. Reklame meitsje is op de ferkeap rjochte, mar boeken wolle je net oan keapers, mar oan de lêzers ferkeapje. It moat ek in goed produkt wêze, ik bin der ek fan oertsjûge dat elke útjouwer dat wol fynt as je it besprekke. As dat feroare is, kinne je dat ek wer werom feroarje. Dat wolle wy, op lytse skaal. Dat is idealistysk, ik kin ek gjin sifers neamme, mar it is tink ik ek befredigjend foar skriuwers om dêr ôfspraken oer te meitsjen. Op dy manier kinne se nei nije foarmen sykje. In belangryk gegeven is foar ús ek dat wy net oan Fryske ‘identiteitskarakteristiken’ wolle. By de lêste útrikking fan de Gysbert Japicxpriis hie de deputearre it oer ‘ûnfrysklange sinnen’, dat gie oer Koos Tiemersma syn wurk. En dat wie net ferkeard bedoeld, mar it yllustrearre ek wol wat. It komt, fyn ik, besêftigjend oer. It is net sa dat as wy it skrasse as wy yn in boek oer griene greiden lêze, of oare identity markers, mar dat ûnderskied sille wy net meitsje.”

Is it foar in útjouwerij foar Fryske boeken net handiger om yn Fryslân te sitten, of is de fysike ôfstân foar jim yn de digitale tiid gjin probleem?
“Fia de cloud kinne je maklik begelieding biede ja. Skriuwer en redakteur kinne tagelyk earne oan wurkje. Foar my is it hjir ek hiel plesierich, ik wenje der ek ommers.”

Yn Amsterdam bist dus ek op it idee kommen foar de útjouwerij, begryp ik.
“Ja, ik wie mei myn dochter by de presintaasje fan de autobiografy fan Grace Jones yn De Bijenkorf en dy wie twa oeren te let. Dêr rekke ik fia har oan de praat mei in printster, Saskia van der Tol hjit sy. Ik koe alles oan har freegje. Se sei ek dat ik my net oanslute moast by in grutte útjouwerij. Doe frege ik har: ‘Mar Saskia, hoe doch ik dat dán?’ Doe hie se ek wer in goed antwurd. Grace Jones komt altyd te let, mar wie dat net sa west, dan wie ik hjir net op útkommen.”

Yn 2015 hast it Netwurk Frysk Literatuerwittenskiplik Undersyk oprjochte: ek mei it doel om ferbiningen te lizzen yn it fjild, mar hjir op it mêd fan literatuerwittenskiplik ûndersyk. Sjochsto oerienkomsten mei de doelen fan Grotesk?
“Yn it netwurk giet it ek om hoe’t wy mei it ûndersyk omgean; witte wat elk docht, dan rinne je inoar net foar de fuotten. Dat is yn in lytse kultuer belangryk fansels. Der wurdt gauris sein dat der yn de Fryske literatuer in soad spul en kompetysje is, mar ik krige ek wer samar in soad stipe by myn plan foar de útjouwerij. Inisjativen om te ferbinen binne tink ik altyd goed. Sa’t it ek goed is om jonge skriuwers en arrivearre skriuwers te keppeljen. En op dat mêd en yn dat kontakt barre gelokkich in soad goeie dingen.”

Kultuerbehâld ferlammet de keunst

Sietse de Vries, Leeuwarder Courant, 10 maart 2017

Boadskipbriefkes skriuwe en de aginda byhâlde die se altyd al yn it Frysk, mar it hat oant foar in pear jier duorre ear’t se yn har memmetaal begûn te publisearjen. Friduwih Riemersma skreau de esseebondel Kultuerferlies. En se is de frou efter útjouwerij Grotesk.

Alhoewol’t se al jierren yn Amsterdam wennet, is it Frysk noait lang by har wei west. Oeral yn de stêd komt se Friezen tsjin, soms ûnder de raarste omstannichheden. Sa waard, om mar in foarbyld te neamen, har help oait ynroppen doe’t se op de pjutteseal by har yn ’e buert net wisten hoe’t se mei lytse Samir oanmoasten. It jonkje fan in Marokkaanske heit en in Fryske mem prate Arabysk en Frysk, mar gjin Nederlânsk. Friduwih brocht útkomst.

En dan wie der dy kear dat se nei it Westerpark tein wie om it skeelerjen. Sûnder neitinnken tearde se de hannen op ’e rêch. Daliks wie der in frou dy't har fan de kant tarôp: „Fryslân boppe.” It wie it begjin fan in jierrenlange freonskip.

Friduwih Riemersma is de dochter fan skriuwer Trinus Riemersma. Op har achtste, nei de skieding fan har âlden, ferhuze se nei Alkmaar. Se hat noait wer yn Fryslân wenne. It betsjutte net it ôfskied fan de taal: it Frysk bleau de fiertaal by har mem en har styfheit.

Leafst hie se har eigen bern ek yn it Frysk grutbrocht, mar dêr wie har man it net mei iens. Sterker, hy ferbea har om Frysk mei de bern te praten. „It fielde hiel ûnnatuerik om net ‘skatsje’ of ‘leave’ tsjin de bern sizze te kinnen. Sa no en dan Suze Nane Poppe sjonge, mear ha’k de bern net meijaan kinnen. Skande efterôf, want it houlik hat noch gjin fiif jier duorre.”

It spyt ek dochter Hannah dat se it Frysk net leard hat. „Een taal extra spreken is mooi meegenomen. Mijn opa schreef Fries, mijn moeder schrijft Fries. Ik kan het wel lezen, maar het gaat heel langzaam. Dat vind ik jammer.”

Gedrachsproblemen

Friduwih Riemersma is fan hûs út byldzjend keunstner. Se folge de Rietveld Academie yn Amsterdam, dêrnei wie se in oantal jierren byldhouwer. Doe’t se nei de skieding allinne foar it grutbringen fan twa bern kaam te stean, hat se earst pegagogyk en letter psychology studearre. Se waard groepsliedster yn in ynstelling foar minsken mei swiere gedrachproblemen. Dat hat se oant 2012 dien. Doe rekke se as gefolch fan besunigingen har wurk kwyt .

Opnij wat yn ’e soarch fine foel net ta, dat se besleat werom te kearen nei de keunst. Mar dan net as byldhouwer, mar as skriuwer. Ta har ferrassing hiene se dêr by it UWV gjin problemen mei. Wichtich ek wie de stipe fan har mem, dy’t har fol entûsjasme oanmoedige.

Dat kaam neffens Friduwih mei om't se sels noait trochset hie yn de skriuwerij. „Se wie, doe’t se jonger wie, net assertyf genôch. Yn it begjin fan har relaasje mei us heit skreau se wol resinsjes fan Fryske boeken. Us heit seach dy stikjes nei en dan waarden se ûnder syn namme publisearre. Hy ​hie it smoardrok, as frou diene jo dat foar him, ​jo stiene der net by stil dat it oars koe, sa gie dat doe. It hat oant 2010 duorre ear’t ús mem in resinsje ûnder har eigen namme publisearre. Dat wie yn Ensafh, oer In Jikse-libben fan Janneke Spoelstra.”

It wie ek har mem dy’t der by Friduwih op oantrune om ris wat nei Ensafh op te stjoeren. Se die it en se waard fuortendaliks fêste kolumnist. It wiene har earste stappen yn de Fryske literatuer.

In folgjende stap wie de oprjochting fan útjouwerij Grotesk. It is nuver genôch oan sjongeres Grace Jones te tankjen dat de útjouwerij der kommen is.

Har dochter Hannah studearret boekwetenschap oan de Universiteit van Amsterdam en wurket dêrneist foar útjouwers. Oant foar koart die se dat foar útjouwerij Xander. It bedriuw soe de autobiografy fan Grace Jones útjaan en hie betocht dat it wol aardich wêze soe om de sjongeres nei de Bijenkorf yn Amsterdam te nûgjen om it boek te sinjearjen.

Hannah: „Ze moest uit Parijs komen. Maar ik had kort daarvoor in een blad gelezen dat ze overal en altijd te laat kwam, want dat hoorde bij haar imago. Ik was bang dat het wel eens uren kon gaan duren en daarom had ik wat mensen in De Bijenkorf bij elkaar gezet in de hoop dat ze zich samen een beetje zouden vermaken.”

Har mem hie se oan in meiwurkster fan printerij Wöhrmann keppele. De beide froulju koene it skoan pratende hâlde. Friduwih: „Saskia, sa hiet se, hie teksten skreaun foar it ANP en se hie sels útjouwer west ear’t se nei Wöhrmann oerstapt wie. Doe't ik har fertelde dat ik skreau en ek graach boeken útjaan woe, sei se: ‘Kom bij mij.’”

Eksperimintele boeken

Grotesk rjochtet him op skriuwers en lêzers bûten de mainstream. Dat kinne eksperimintele proazaboeken of poëzijbondels wêze, mar ek essees of oare sjenres dy’t kommersjeel net oantreklik binne foar de trochsneed útjouwer. Kwaliteit, ek yn de foarmjouwing fan de boeken stiet foarop, en dêrom is slow publishing ien fan wichtichste útgongpunten.

Grotesk rjochtet him op skriuwers en lêzers bûten de mainstream. Dat kinne eksperimintele proazaboeken of poëzijbondels wêze, mar ek essees of oare sjenres dy’t kommersjeel net oantreklik binne foar de trochsneed útjouwer. Kwaliteit, ek yn de foarmjouwing fan de boeken stiet foarop, en dêrom is slow publishing ien fan wichtichste útgongpunten.

It doel wie om mar ien boek jiers út te jaan, mar Friduwih is bang dat dat net slagget. It fûns telt no al trije boeken – de ferhalebonde Ho Wu en Misty Mac fan Aggie van der Meer, de bondel Dan krije ek de fûgels dien fan Marten Hepkes Bakker (besoarge troch Abe de Vries) en Kultuerferlies fan de útjouster sels – en der binne te folle ideeën om it by dat iene boek jiers te litten.

„Ik frege my ôf hoe’t skriuwers yn de Fryske literatuer steane, wêrom se dogge wat se dogge. Ik woe witte hoe’t it mei it ferdwinen fan de Sutelaksje, it FLMD en Frysk en Frij siet. Ik prate der wolris oer mei leden fan it Skriuwersboun, mar dêr kaam net safolle út. Doe ha’k it sels útsocht.”

Download ynterview