Dof fiolet is ’t west

16 sonnetten fan Johan Andreas dèr Mouw

ferfryske troch Eppie Dam
mei bylden fan Friduwih Riemersma

Synopsis

Trochskinend

Meast sit de ‘ik’ allinne yn ’t gers of op in stoel, ’t is altyd helder waar mei wolken en jo hearre faak in klok, en tinkt dan dat mem ivich pianospilet of ek wol dat er brahman is; mar hoe dreech is ’t om harmony te finen by al it ierdsk gedoente en te ferienjen mei de oaren, hâlde dy har ruten ticht en wittenskip helpt ek gjin sprút—ûntriifd, mar mei it fers as in trochskinend wûnder.

Eppie Dam
J.A. dèr Mouw
Dof fiolet is ’t west. 16 sonnetten fan Johan Andreas dèr Mouw
13 desimber 2018
ISBN 978 90 825762 4 5
Paperback 44 siden, Frysk
Priis € 15,00 (eks. ferstjoerderskosten)
Bestel

“Iuw nei syn dea is Dèr Mouw yn it Frysk te belibjen”Boekbesprek. Arjen Hut, Friesch Dagblad, 16 maart 2019

Bespegeling

Obsessyf sykje nei wiisheid op ierde

De alderearste ferfrysking fan Johan Andreas dèr Mouw! De seleksje fan sechstjin sonnetten dy’t dichter-oersetter Eppie Dam makke, folget de libbensline fan de filosoof-dichter Dèr Mouw. De bondel giet oer de yntinse mystike ûnderfining: oer it ferienjende fisioen dêr’t ‘ik’ en alle dingen ien binne.

Poëzy is it minst oersette literêre sjenre, likefolle it symboalysk kapitaal dat se oan it poëzyoersetten takenne. Fan de poëzy fan Johan Andreas dèr Mouw (1863-1919) bestiet op ’t heden allinne mar in Ingelske ‘sample translation’. Dy hie der net kommen as it Dèr Mouw Genootschap dêr net foar krewearre hie. Want al waard de firtuoaze Dèr Mouw al dalik, mar postúm, op hannen droegen troch de literêre giganten Ter Braak, Bordewijk en Komrij, gedichten hawwe nea in massa lêzers. Dat makket it oersetten fan poëzy, yn Bourdieu syn wurden, “the disinterested activity par excellence”. Dêr komt by dat poëzyoersetten net it bouwen fan in replika is, mar altyd in fierderpraten en ûnderwrotten fan it orizjineel. Dat easket in yngeande kennis fan de komôfliteratuer likegoed as fan de bestimmingsliteratuer, ek as it ‘mar’ om ferfryskjen fan Hollânsk wurk giet.

De betûfte poëzyoersetter Eppie Dam—en dichter, kritikus en berneboek- ferhale- en liturgyskriuwer—krige yn 2017 de heechste ûnderskieding foar de Fryske literatuer takend foar syn dichtbondel Fallend ljocht. Opfalt dat ien skift deryn net oarspronklik is, mar oerset, út it wurk fan de Poalske dichter Czesław Miłosz. Mar it opmerklikst is, en de lege Fryske wurdearring foar it oersetten blykt hjirút ‘par excellence’, dat it Frysk kultureel ynstitút Tresoar op syn literatuerwebside de Nobelpriiswinnende dichter twaris Czesłosz neamt. Lykwols is Dof fiolet is ’t west net skreaun foar de wurdearring. Dam hat it sels oer in needsaak. In poëtyske, in eksistinsjele? Ien dêr’t er earst foar rypje moast.

“’k Bin Brahman. Mar we sitte sûnder faam” is wilens ûnstjerlik. De libbensbeskôglike fisy efter de poëzy fan Dèr Mouw, meast sonnetten, is dat it yndividuele sels en it godlike sels gearfalle en suver bewustwêzen binne. Alle dingen binne ien. It lyryske ‘ik’ identifisearret him mei de ferskynsels fan de natuer. In wolk hinget tagelyk boppe him en ís him. Fanatyk besiket it ‘ik’ de utersten fan it universum oan inoar te knoopjen, it allerlytste oan it aldergrutste: de libellen djoeie as aëroplanen. De ûnmisbere rol fan taal yn it yndividuele bewustwêzen is dúdlik. Yn de lêste sân jier fan syn libben koe Dèr Mouw syn filosofysk sykjen—dêr’t er syn tiid mei foarút wie—foltôgje yn poëzy. Syn styl is net beneist kommen, mei in ferpletterjende byldspraak, fernimstige ôfwikingen fan it ritme, ûnferwachte sesueren en enjambeminten—hy wie wêrs fan alle dogma—en metafoaren en analogyen lyk tusken omgongstaal en deistige objekten.

Dam debutearre yn 1978 mei poëzy dy’t in tryst tebeksjen is op in mislearre bernetiid en tiden dy’t nea mear weromkomme. Desennialang bliuwe syn tema’s de eigen fergonklikens en it ûnferoarlik libbenslot. It koartrigelich frijfers, somtiden plat prosaysk yn syn antysymbolisme, is altyd ritmysk fitaal. Mar om de ieuwiksel hinne wurde de rigels langer, de byldspraak pregnanter en de strofen kompakt. Yn Neigeraden it noarden (2004) is de oergong nei it ekspressionisme makke. Mei stiel en stien en skerp útsnijd, rou gefoel binne de deistige lytse ûnderfiningen, faak noch út de bernetiid, sketst, it ûngemak en de ferfrjemding. Dêrnei klearret it op. De taal wurdt lichter, it blêd minder swart, de fûgeltsjes wer bolderich—is de iene kant fan ’t ferhaal.

Want Miłosz oersetten komt gewoanlik net út de loft fallen. Dy syn yntellektuele ferdjipping dy’t de persoanlike ditsjes en datsjes ta universele ûnderfining ferheffe en syn morele opdracht om de spirituele ruïnes yn de teheistere wrâld oer te gean, is gjin frijbliuwende oersetkost. It slút oan by de kear nei swierdere tematyk dy’t Dam makke, mooglik as gefolch fan wat Woolf neamt “de spirituele feroaring fan sykte”. Benammen as de sykte ûnsichtber is, seit hja, brekt ien samar syn poëtysk superpotinsjeel oan. Fan ’t simmer kaam de nije biografy fan Dèr Mouw út, Alleen in wervelende wereld fan Lucien Custers. Doe wie der gjin hâlden mear oan: doe dreau it oersetten yn Eppie Dam.

Dèr Mouw Genootschap
‘Sample translation’ fan John Irons
John Irons hat op syn webside mei 73 fersen oerset nei it Ingelsk (2014) en der komme mear oan
Besprek Lucien Custers, Alleen in wervelende wereld. Het leven van Johan Andreas dèr Mouw [1863-1919] (2018) op Meander
Besprek Johan Andreas dèr Mouw (Adwaita), Mijn taalorkest, gearstaller Jan Kuijper, foarmjouwer Marc Vleugels (2018) op Tzum