Tariven

foar tekstskriuwers, oersetters, redaksje en korreksje

Dalik nei: hoe meitsje ik in solide offerte

Meitsje altyd priisôfspraken foar’t jo mei in opdracht begjinne. Meitsje dy priisôfspraken ek mei fêste klanten en befreone opdrachtjouwers of útjouwers, en ek as jo prizen op jo webside stean. Meitsje de priisôfspraak mei dejinge dêr’t jo jo tekst oan leverje. Is dat de útjouwer, soargje dan dat dy útjouwer akkoart is mei jo priis. Oan in akkoart mei bygelyks de opdrachtjouwer of syn projektmanager kinne jo gjin konklúzjes ferbine; hja betelje jo útjouwer, lump sum of yn útsplitste bedraggen – net jo.

As jo foarôfgeand oan it útfieren fan ’e opdracht gjin priis fêstlein hawwe, of (ûnbedoeld) in rjochtpriis oerienkommen binne, dan giet kêst 7:752 BW yn. Dat kêst bepaalt dat de opdrachtjouwer in ridlike priis foar it wurk betelje moat en ek dat in rjochtpriis sûnder in tidige warskôging net mei mear as 10 persint oergien wurde kin. Wol moat de opdracht­jouwer de ûnkosten dy’t de opdrachtnimmer betelle hat fergoedzje.

Priisôfspraken meitsje jo mei in offerte. Jo priis hinget ôf fan tekstsoart en jo ekspertise.

Neffens de Tekstnet Tarievenmonitor 2020 hantearje de oansletten tekstskriuwers meastal in oeretaryf fan 80 oant 85 euro. Fan har wurkoeren kinne se sa’n 70 persint deklarearje by de opdrachtjouwer. De measte Tekstnetstipers brûke ferskate oeretariven en taryf­foarmen, lykas foar grutte en langrinnende skriuwprojekten. De measten jouwe wolris koarting op it fêste taryf, meast in koartingspersintaazje fan 10 persint.

Dochs rinne oeretariven fan tekstskriuwers fier utinoar: fan 25 oant 125 euro. Ek apart is dat tekstskriuwers mei oeretariven rekkenje. Opdrachtjouwers wurkje leaver mei in wurdpriis of projektpriis, want wat krijt in skriuwer eins dien yn in oere? Sjogge jo nei de wurdpriis, dan hantearret de betûfte skriuwer in taryf fan € 0,07 oant € 0,25; allysksa in grut ferskil.

Literêre skriuwers moatte boppedat ûnderhannelje oer royaltys: dy stean net fêst. In royalty is in auteursrjochtlike fergoeding, dus wetlik binend, foar it brûken fan jo eigendom en dêrby auteursrjochtlik beskerme wurk, en wol in persintaazje fan ’e ferkeappriis (eksklusyf btw) foar elke ferkochte kopy fan it boek. De betingsten foar royaltyfergoedingen lizze jo fêst yn in lisinsjeoerienkomst, lykas in útjoukontrakt. Royalty-oerienkomsten moatte de lisinsjejouwer (de skriuwer dy’t de royalty krijt) likegoed as de lisinsjenimmer (dejinge dy’t royaltys betellet) te’n goede komme. Meastal komme skriuwer en újouwer it royaltypersintaazje oerien as nimmen noch wit oft it boek goed rinne sil. Dêom ha de LUG/GAU-modelkontrakten foar it skriuwen en oersetten in trieme: giet de ferkeap omheech dan giet royaltypersintaazje mei omheech. De hegere opbringst foar skriuwers en oersetters is earlik om’t de produksjekosten fan de útjouwer hieltyd lytser wurden of op in stuit weromfertsjinne binne.

In tekstskriuwer skriuwt op profesjonele basis net-literêre teksten voor opdracht­jouwers. Dat kin om kommersjele teksten foar websiden en brosjueres, artikels foar glossys of wittenskiplike tydskriften, parseberjochten, jierferslaggen, koarts om allerhanne teksten gean. Dat ferklearret de bânbreedte fan ’e tariven foar in part, neist ûnderfining. In begjinnende tekstskriuwer hat in oplieding dien, mar jo leare it fak yn ’e praktyk. De begjinner sil dêrom op legere tariven útkomme.

Dêrby, tink derom, kin de opdrachtjouwer hast nea de kwaliteit fan in tekst werkenne (en syn ‘literêre’ redaksje falt oer in typflaterke). Dus min skreaun docht der net ta, inkeld it foarse ferkear nei de webside. En jo kinne freegje wat jo wolle.

Mar subsydzjejouwers en fûnsen wolle wis wol standerttariven en merkkonforme kosten begrutte sjen op jo stipeoanfraach.

Jo ferantwurdzje jo begrutte tariven troch in fêste prizelist op jo webside te setten mei in royaal portfolio. De skriuwer hat in eigen webside, goed te finen mei Google, op spesjale sykwurden en beslist op de earste side fan de sykrisseltaten.

It trochsneed taryf fan de begjinnende tekstskriuwer is:

  • oerepriis € 10 - € 20
  • wurdpriis € 0,01 - € 0,04

It trochsneed taryf fan de betûfte tekstskriuwer is:

  • oerepriis € 25 - € 150
  • wurdpriis € 0,25 - € 0,75

It minimumtaryf fan de literêre oersetter is, neffens it Letterefûns:

  • 6,8 sint it wurd

It minimumtaryf fan de – betûfte – poëzyoersetter is, neffens it Letterefûns:

  • 2,50 euro de rigel
  • 43,68 euro it fers

It standert beurstaryf foar de oplate en betûfte poëzyoersetter, neffens it Letterefûns:

  • 3,85 euro de rigel
  • 66,00 euro it fers
  • mei eventueel in taslach foar hege kompleksiteit fan 15 - 30 persint

De beropstekstskriuwer fariearret yn taryffoarmen, neigeraden de taak:

  • korrizjearjen om de € 400 - € 500 de roman hinne
  • redigearjen sa’n € 500 - € 700 de roman
  • poëzyredigearjen € 12,50 de 300 wurden, minimale deipriis € 250, beide ekskl. btw*
  • skriuwkursus jaan € 30 - € 45 it oere, neffens Loonwijzer
  • advys € 30 it oere
  • projektlieder yn ’e kultuer trochsneed bruto oerlean € 25,29**
  • skriuwen foar in goed doel € 0,05 it wurd

* Tekstskriuwers yn de lytse ûndernimmersregeling (KOR) binne frijsteld fan btw.
** By in 40-oerige wurkwike, trochsneed bruto jiersalaris € 57.024, trochsneed de moanne € 4.400 bruto.

Freegje net te min foar teksten op it ynternet (SEO skriuwen), ha jo ûnderfining dan kin € 0,15 it wurd bêst:

  • trochsneed kosten webpage-tekst (100 oant 300 wurden) € 80
  • trochsneed priis blogpost-tekst (op syn heechst 750 wurden) € 120

Gean by de royalty út fan de ynternasjonale trochsneed fan 10 persint fan ’e netto winkelpriis fan it boek*. De Nederlânske noarmtariven foar royaltys foar oarspronklik literêr wurk binne sa:

  • paperback/bûn 1 oant en met 4000 ferkochte eksimplaren 10 persint royalty
  • 4001 oant en met 10.000 ferkochte eksimplaren 12,5 persint
  • 10.001 oant en met 100.000 verkochte exemplaren 15 persint
  • mear as 100.000 ferkochte eksimplaren 17,5 persint, lykwols as it giet om in werprintinge fan net mear as 1500 eksimplaren bliuwt it persintaazje 15
  • foar de útjefte as harkboek op in fysike drager 10 persint fan de netto opbringst
  • foar e-boek-útjefte en harkboeken in lisinsje, foar elke jûne lisinsje 25 persint fan de netto-opbringst

Nederlânske literêr oersetters mei in LUG/GAU-modelkontrakt mei har útjouwer krije:

  • oer de ferkochte eksimplaren tusken it 2500ste en het 5001ste (bûn, paperback en midprice) 1 persint royalty
  • boppe de 5000 ferkochte eksimplaren 2 persint
  • foar werprintingen yn pocketfoarm is de noarmfergoeding 1 persint

Winkels priizgje ynklusyf btw. Netto is eksklusyf btw. Boeken falle yn it 9%-taryf.

In priislist, lykas hjirboppe, is in oanbod. De wet ken it wurd offerte net, mar rept fan oanbod: mei in offerte dogge jo in oanbod. De opdrachtjouwer moat dat oanbod noch oanfurdigje. Krekt dan hawwe jo in oerienkomst.

In kontrakt is sa net ferplicht of needsaaklik. Jo hawwe al in oerienkomst nei’t jo in genôch detaillearre offerte tagelyk mei de algemiene betingsten oan ’e opdrachtjouwer oanbean ha en dy him ûnderskriuwt. Dizze trije dingen binne ûnmisber: hantekening foar oanfurdi­ging (it akkoart), jo algemiene betingsten en in offerte dêr’t de kearnbetingst yn stiet.

In solide offerte mei kearnbetingst

De kearnbetingst is itjinge dat foar de klant of opdrachtjouwer sa wêzentlik is dat er op grûn dêrfan beslút om mei jo yn see te gean of mei in oare oanbieder. It giet dus om wat jo leverje, wannear’t jo leverje en foar hokker priis. Nim yn ’e offerte in begrutting op dêr’t al it wurk op stiet, net allinnich it sichtbere tikken fan jo tich tûzen wurden, mar ek it wurk efter de kûlissen lykas research, tekstûntwerp en alle oare teksttarieding.

Algemiene betingsten

Oanspraaklikheid foar wetterskea by brân is net fan tapassing by skriuwers. Jo algemiene betingsten gean benammen oer de betellingstermyn. Jo meie sels in ridlike betellings­termyn foar jo opdrachtjouwers bepale. Dy termyn sette jo yn jo algemiene betingsten, bygelyks beteljen binnen in ferfaltermyn fan 14 dagen of 60 dagen nei de faktuerdatum. Nimme jo gjin betellingstermyn op yn ’e algemiene betingsten (en prate jo dy ek net earne oars ôf), dan jildt foar in faktuer de wetlike betellingstermyn fan 30 dagen. Dêrneist lizze jo de gefolgen fan wanbeteljen fêst. Sille jo ynkasso- of tebinnenbringerskosten yn rekken bringe nei’t jo gjin antwurd krije op de earste betel-tebinnenbringer? Wannear sille jo in ynkassoburo of oare ynstânsje ynskeakelje? Lizze jo bûtenrjochtlike ynkassokosten op en hoe heech binne dy?

Oermacht

Derneist kinne jo jo yndekke tsjin kalamiteiten of krisissen dy’t meitsje dat jo jo opdracht net útfiere kinne. Lis dêrta fêst wat ‘oermacht’ is, wat der yn gefal fan oermacht bart, en wat as de oermacht langer as in beskate tiid duorret en wat dien wurdt mei it al útfierde of noch útfierbere part fan de opdracht. Bygelyks, as omstannichheden dy’t jo net ta te rekkenjen binne, likefolle oft dy omstannichheden op it stuit fan ’e oerienkomst te foarsjen wiene en likefolle it ferstriken fan de leveringstermyn, en dy’t it neikommen fan ’e ferplich­tingen dy’t folgje út de offerte ferhinderje of ferhindere hawwe, wurde jo ferplichtingen oan de opdrachtjouwer útsteld. Jo opdrachtjouwer en jo ha nei in moanne oermacht beide it foech om de oerienkomst (dy’t folget út de ûnderskreaune offerte) te ûntbinen sûnder skeafergoeding, en jo hawwe it rjocht om it útfierde of útfierbere part apart te fakturearjen. De opdrachtjouwer moat dat part betelje as wie it in aparte opdracht, behalven as it útfierde of útfierbere part gjin selsstannige wearde hat.

Set de algemiene betingsten op de efterkant fan de offerte, stjoer har mei as takeakke of tsjut op ’e offerte oan op hokker webside oft de opdrachtjouwer de algemiene betingsten krije kin. Set dúdlik op de offerte, boppe it plak dêr’t tekene wurdt: “Mei it tekenjen fan dizze offerte ferklearje jo ek dat jo de algemiene betingsten krigen hawwe en dermei akkoart gean.” Dy betingsten kinne ek nei foaren komme as ôfspraken yn in oerienkomst fan opdracht.

Modelfaktueren en -offertes

Download Model Offerte foar Skriuwers
Download Model Faktuer foar Skriuwers