Hokfoar ôfspraken meitsje útjouwers

Oerienkomsten mei skriuwers komme yn it stal fan

Hjir fine jo oare útjouwers­prosedueres dy’t taken & plichten oersichtlik hâlde.

Wy hâlde de aktuele skriuw- en oersettariven by.

Hjir fine jo it oankeapproses fan oersetrjochten yn in nútsdop.

En as lêste, wat dogge jo by opdrachtskonflikt en hoe beëinigje jo in opdrachtsoerienkomst.

Modelkontrakten

foar skriuwers en selsútjouwers

Yn ’e kulturele sector tinkt men hieltyd better om fair practice en fair pay. Op 1 juny 2015 gie de nije wet auteurskontrakterjocht yn. De Nederlânske auteurswet is ien fan ’e âldste libbene copyrightwetten yn ’e wrâld, oannommen yn 1912, mar hy beskerme de eigners fan yntellektueel eigendom eins amper tsjin har faak folle sterkere wetlike kontraktpartners. Hjoeddedei is, ûnder mear, foar in eksklusive lisinsje – dy’t ien útjouwer as iennichste it rjocht jout om materiaal te iepenbierjen en mannichfâldigjen – in skriftlike, ûnderskreaune oerienkomst (‘akte’) fereaske.

  • Krij altyd in tekene kontrakt.
  • Bring it jild dalik op it aljemint.
  • As jo gjin ôfspraak oer de fergoeding makke ha ferplichtet de wet de opdrachtjouwer om in ridlike fergoeding te beteljen oan syn opdrachtnimmer. Dus beide partijen, de opdrachtjouwer en jo, moatte sjen nei wat yn ’e praktyk in ridlik lean is. Mar ûnwissens oer jild komt de keunst selden te’n goede: lis de fergoeding fêst.
  • Untskuldigje jo nea foar fatsoenlike honoraria, sjoch hjir foar de skriuwtariven.
  • Jou nea koarting op jo taryf.
  • Tink der by mearkosten om dat jo de opdrachtjouwer op ’e tiid warskôgje foar de ekstra kosten boppe-op de yn ’e offerte ôfprate fêste priis foar in beskate tekst of tsjinst, om’t syn oanfoljende winsken, fierdergeand ynsjoch of ûnfoarsjoene omstannichheden, mearwurk betsjutte; ek in saakkundige opdrachtjouwer snapt dat net altyd fansels.
  • Somje yn jo projektútstellen, offertes en faktueren al jo wurk, dus ek de taken efter de skermen, fan A oant Z op, lykas research, tillefoantsjes, reistiid, ûntwerpwurk, enkêtes, fraachpetearen, oarderjen fan bestannen, eftergrûnmateriaal lêzen, gearkomsten, konkurrinsjeûndersyk, sketsen, skriuwen, redigearjen, korrizjearjen, refisy en wrakseljen mei jo opdracht- en útjouwer.

Utjoukontrakt

Dalik nei it Modelkontrakt Auteursbond/GAU Modelkontrakt

In útjoukontrakt is in wetlike oerienkomst tusken in útjouwer en ien of mear skriuwers om oarspronklik materiaal – in inkelfâldich wurk, in searje, literatuer, muzyk of watfoar skepping ek – fan dy skriuwer(s) út te jaan. Yn begjinsel leit it rjocht om in skepping te iepenbierjen en fersprieden inkeld en allinne by de makker sels. Dus “The business of publishing rests on a contract between the author and the publisher,” seit de yntellektueel eigendomhiemhûn WIPO yn Sjenêve. Prince woe net lije dat in mem in filmke op Youtube sette dêr’t har soan fan 13 moannen sûnder him wat te freegjen 20 sekonden dûnset op Prince syn song Let’s go crazy. Krekt nei’t de útjourjochten offisjeel fan ’e skriuwer (Prince) op ’e útjouwer (poppe) oergean kin de útjouwer útjaan.

Dêrby bliuwt it auteursrjocht by de skriuwer. De útjouwer keapet it rjocht om in boek yn papieren foarm ferskine te litten, it primêre rjocht, en – meastal – de njonken­rjochten om it wurk bygelyks as e-book út te jaan. Gewoanlik krijt allinne dy útjouwer it rjocht om it materiaal út te jaan, oftewol in eksklusive lisinsje; de skriuwer mei it wurk op gjin inkelde manier mear sels of fia in oar ferspriede. Fierder komme yn it kontrakt ôfspraken oer wannear’t it manuskript klear wêze moat, oplaach, omslach en priis fan it boek, oantal skriuwerseksimplaren en it honorarium, dus foarskot en royaltys – standert is 10 persint fan ’e netto-boekpriis fan in paperback of bûn boek en 25 persint foar e-books – en de ôfrekkening dêrfan – gewoanlik op syn lêst op 1 maart, berekkene oer it jier derfoar.

In minimaal model-útjoukontrakt leit de wêzentlike eleminten fêst: hokker partijen, dus skriuwer(s) en útjouwer, hokker wurk, takenning fan rjochten, manuskriptlevering, útbeteljen en hantekeningen. Mar ferantwurdlikheid en frijwarjen as der wat misrint, oanpaste útjeften, de net-wizigingsklausule, boekpromoasjedetails, kontraktbeëiniging, out-of-print, en benammen it rjocht fan ’e útjouwer om mei tredden te akkoartsjen oer in oare manier om it boek út te jaan (as toaniel bygelyks) stean net goed wetlik binend yn it minimale kontrakt. It nije auteurskontrakterjocht bepaalt dat foar in eksklusive lisinsje tenei in akte, in skriftlik stik mei hantekening, nedich is. Sûnder akte gjin eksklusiviteit dus jo kinne jo (wittenskiplike) wurk open access jaan wannear’t jo wolle. Yn juny 2021 stelden Auteursbond en Groep Algemene Uitgevers in modelkontrakt fêst fan 24 A4’kes. Jo kinne dat modelkontrakt online ynfolje, oanpasse nei eigen ferlet en hup, útprintsje. In bona fide útjouwer sil nea yn it neidiel fan ’e skriuwer ôfwike fan it modelkontrakt.

Download Model Utjoukontrakt Minimaal
Download it nije Auteursbond/GAU Modelkontrakt foar it útjaan fan oarspronklik Frysktalich wurk
Folje hjir it Modelkontrakt Auteursbond/GAU Modelkontrakt foar de útjefte fan oarspronklik Frysktalich literêr wurk yn en pas it oan nei jo winsken.

Creative Commons-lisinsje

Wolle jo it wrâldwide publyk tastean om jo wurk út te wikseljen? Jouwe jo it publyk tastimming om jo wurk oan te passen — bygelyks troch seleksjes oer te setten en op te nimmen yn sammelwurken — en de oanpassingen út te wikseljen? Jouwe jo ek tastimming foar it kommersjeel brûken fan jo wurk? Hawwe jo in webside? Jo kinne ek jo side lisinsearje ûnder ien fan de Creative Commons 4.0 Ynternasjonale Lisinsjes. Kies de gaadlikste lisinsje foar jo doel hjir en helje de CC-lisinsjestimpel op de Creative Commons-side.

Hjir fine jo mear oer de Creative Commons 4.0 Ynternasjonaal Lisinsjes

Ynternasjonaal útjoukontrakt

Foar de grutste ynternasjonale boekebeurs op ierde, de Frankfurter Buchmesse, sil de stjerrende Fryske taal net genôch topliteratuer mear produsearje. Dêr stiet foaroer dat de wittenskip altyd wrâdwiid west hat. Wittenskiplike manuskripten fine fan âlds har paad nei ynternasjonale tydskriften. Wyls bliuwe copyrights en kontrakten hiel lokaal en nasjonaal, likefolle it regulearjend effekt fan ynternasjonale ferdraggen. Auteursrjochtewetten dy’t de draachwiidte fan beskerming fan de auteur fêstlizze, lykas de minimumdoer fan de rjochten, wurde normalisearre, bygelyks troch de WIPO. Mar de ynternasjonale ferdraggen gean net yn op de aard fan de kontraktrjochten dy’t útjouwers en skriuwers akkoartsje kinne, lit stean op distribúsje-lju en oare tuskenpersoanen (‘agents’).

In obstakel yn ynternasjonale útjoukontrakten is wat rjochters ‘choice of law’ neame. Kieze jo as grûn foar jo kontrakt de wet fan it thúslân fan ’e skriuwer, dy’t strang wêze kin, of de wet fan de útjouwer syn thúslân, dy’t minder strang wêze kin, of moat de wet fan dêr’t it boek útbrocht wurdt, wat in tredde lân wêze kin, de ferhâlding tusken de partijen regelje? Dêrneist wurkje yn ynternasjonale publikaasjes faak mear skriuwers út ferskate lannen mei inoar op en dogge dichters literêre útwikselingen. Hoe kinne útjouwers ta in kontrakt komme?

Hoe dan ek moat de skriuwer – as dy teminsten de skepper is, neffens de wet yn syn lân de auteursrjochten hat en de doer fan dat auteursrjocht net ferstrutsen is – de rjochten oerdrage of yn lisinsje jaan oan de útjouwer. Hoewol’t it net alle swiertepunten oplosse sil, liket de simpele wetlike oerienkomst it handichst, dat de wet fan it lân dêr’t de útjouwer tahâldt bepalingen lykas de boekfersprieding regelet.

Download Sample International Publishing Contract

Oerienkomst fan opdracht

In oerienkomst fan opdracht (OVO) wurdt sletten tusken in freelancer (zzp-er, mei in ienmanssaak of BV) en in opdrachtjouwer. De skriuwer as opdrachtnimmer docht wurk foar de opdrachtjouwer en krijt dêr in fergoeding foar, mar der mei gjin arbeidsrelaasje wêze dus gjin wurk yn leantsjinst. Ek mei de oerienkomst fan opdracht gjin útjoukontrakt wêze. Wat de oerienkomst fan opdracht boppe-al regelet is de gesachsferhâlding: dy is lykweardich. De opdrachtnimmer is frij om it wurk selsstannich en nei eigen ynsjoch út te fieren. Is it wichtich om dat klear yn ’e oerienkomst fan opdracht te setten en om dy bepaling ek nei te libjen.

Opstellen – of kontrolearjen – fan in oerienkomst fan opdracht is simpel.* Dit moat deryn stean: it eksplisyt neamen dat it om in OVO giet, de gegevens fan de opdrachtjouwer en opdrachtnimmer, sekuere omskriuwing fan al it wurk, begjin- en eindatum fan ’e opdracht, priis fan it wurk (mei of sûnder btw), ûnkostefergoeding, betelbetingsten, selsstannichheid fan ’e opdrachtnimmer, as it fan tappassing is oanspraaklikheid en fersekering, opsizzen fan de oerienkomst, yntellektuele eigendomsrjochten, en algemiene betingsten.

In model-oerienkomst fan opdracht, neisjoen troch de Belestingtsjinst yn 2021, is foar freelancers mei in bedriuw, ynskreaun by de KfK. It seit dat de tsjinstbetrekking fiktyf is en de opdrachtjouwer gjin leanheffing hoecht te beteljen. Likegoed binne de model-kêsten hiel brûkber foar in kontrakt tusken in opdrachtjouwer en in opdrachtnimmer-sûnder-bedriuw.

By ynternasjonale kontrakten: yn Nederlân meie partijen mei inoar ôfprate wat se wolle: wy ha in ‘frij’ kontrakterjocht. Mar dat kontrakterjocht is wol begrinzge. De wet jout regels foar hoe’t it kontrakt syn beslach krijt en foar de gefolgen fan net-neilibjen en de wet kin easken stelle oan beskate hannelingen. Dat jildt ek foar de oerienkomst fan opdracht.
Download Model Oerienkomst fan Opdracht

Mei-auteurskontrakt

Stel, jimme skriuwe mei syn beiden of mei syn allen in boek. Neffens ús auteurswet is elkenien dy’t eat makket de eigner fan de auteursrjochten op syn skepping. Elkenien dy’t oparbeide hat by de skepping fan in wurk en in wêzentlike kreative en persoanlike bydrage levere hat oan it mienskiplike wurk, is in mei-auteur, en hat auteursrjochten. Dus in e-mail ûnder de meiskriuwers, mei de belofte om bygelyks net mei te liften op de oaren har yntellektueel eigendom, is genôch? Soms, mar boekprojekt mei mienskiplik auteursrjocht hat al gau heakken en oezen. Ofstimmen tusken in útjouwer, opdrachtjouwers, in koördinator en in klup skriuwers is kompleks. Wa is feitlik de eigner fan de rjochten op jo haadstik? Hokker kommunikaasjeplatfoarm sil brûkt wurde? Wa krijt de royaltys en de oare opbringsten fan it boek fan jim allegearre? Ek as de oaren hiel graach mei har kop op teefee wolle, wat binne jo ferplichtingen oangeande de marketing?

Betink ek, auteursrjocht is in goed: it hâldt him as fermogensrjocht. It is fetber foar oerdracht hielendal of foar in part, kin beswierre wurde mei beheind rjocht en giet oer by erfopfolging. Mar auteursrjocht is allinne in fermogensrjocht as it giet om (kommersjele) eksploitaasjerjochten. Tagelyk is auteursrjocht ek persoanlikheidsrjocht. Persoanlikheids­rjochten tsjinje de morele belangen fan de skepper, lykas syn yntegriteit of goeie namme, en binne net oerdraachber. Se bliuwe altyd by de auteur, wylst de ekspoitaasjerjochten wol yn in mienskip falle kinne. It skiedberheidskritearium makket ûnderskied tusken in gear­stalling fan losse wurken, dêr’t elke skepper syn eigen haadstik los fan eksploitearje kin, en in ûndielber wurk dêr’t in soksoartich gearwurkjen fan ’e skriuwers west hat dat elk syn aparte bydrage deroan net mear te skieden is en dus bûten it ferbân gjin foarwerp fan aparte beoardieling wêze kin.

Yn gefal fan in ûndielber mienskiplik wurk, dêr’t jo de losse bydragen fan de ferskate auteurs net fan inoar ûnderskiede kinne, mei gjin fan de meiskriuwers de rjochten oer de útjefte of eksploitaasje fan har wurk apart útoefenje, of it moast wêze dat jo oars bepaald hawwe yn jo mei-auteurskontrakt (of de rjochter oars beslút by skeel). Wolle jo en jo mei-eigners jo respektivelike rjochten regelje mei in kontrakt, dan is it saak dit te neamen: regels foar it útoefenjen fan de fermogensrjochten fan mei-auteurs, en dêby regels foar fergoedingen dy’t mooglik betelle wurde moatte yn gefal fan isolearre eksploitaasje, lykas in ferdielkaai foar royaltys, regels foar it behear fan ’e ûnferdieldheid, mearderheids­regels, beneaming fan in behearder, oansluting by in orgaan foar kollektive belange­behertiging, rjochten om ôflate kreative wurken te skriuwen ensafuorthinne, en regels oangeande it útoefenjen fan morele rjochten, tink oan neamen fan auteursnamme en net-wizigjen fan ’e titel. Ut it modelkontrakt kinne jo de relevante kêsten oernimme en taheakje wat winske is.

Download Model Mei-auteurskontrakt

Kontrakt foar de útjefte fan oersetwurk

De rol fan de oersetter is dy fan in “humble servant waiting for the crumbs from the publishers’ table,” sei ea Ros Schwartz, de oersetter fan ûnder mear Antoine de Saint-Exupéry nei it Ingelsk. Oersetters komme selden yn it skynljocht. Op it wurk fan de oersetter rêst auteursrjocht: de oersetter is de eigner fan syn oersetting. Mar de eksploitaasjerjochten fan it wurk lizze by oersetrjochten hast altyd by de útjouwer fan it oarspronklike wurk. Eksploitaasje­rjocht, yn de sin fan de auteurswet, is it eksklusive rjocht fan de makker fan in wurk om it te iepenbierjen en mannichfâldigjen, yn print, op it ynternet of oars. Boppedat regelet in oersetter eins nea sels syn oersetrjochten mei de oarspronklike skriuwer of dy syn útjouwer.

Gewoanlik freget jo útjouwer, yn it plak mei de doeltaal, as jo in wurk oersette of in oersetopdracht fan jo útjouwer akseptearje, oan ’e oarspronklike útjouwer om alle rjochten foar de oersetting. Sa ûntstiet in rjochtsferhâlding tusken de útjouwer en jo, dy’t fêstlein wurdt yn in oersetkontrakt.

Dêryn moat de boarnetekst stean, hoe grut oft dy is, de leverdatum fan ’e oersetting, wat der bart as jo te let binne, wat der bart as de útjouwer jo oersetting ôfkart of in soad wurk oan ’e korreksje hat, jo tastimming dat jo útjouwer jo oersetting útjout, de njonken­rjochten foar it útjaan fan ’e oersetting bygelyks yn in blomlêzing, oplaach, omslach, fergoedingen foar njonkenrjochten en werprintingen, it foarskot – trochstrings basearre op in wurdtaryf – en it royaltypersintaazje op de ferkeappriis – de royaltyparagraaf yn in oersetkontrakt is essinsjeel en prinsipjeel –, wannear’t de útjouwer dy honoraria betellet, wat der bart mei de ûnferkochte eksimplaren en fansels: it neamen fan jo namme.

Download Modelkontrakt Oersetten Literêr Wurk
Besykje OmegaT: goeie – en fergese! – oersetsoftware. It Frysk hat gjin wurdboek yn StarDict- of Lingvo DSL-formaat, en dat sil ek net mear ûntwikkele wurde, mar OmegaT lit jo ienfâldich jo eigen wurdlist (glossary) opbouwe.

It oankeapproses fan it oersetrjocht

De keap fan oersetrjochten fan útlânske literêre boeken is yn Fryslân net it kommersjele holdernêst dat it yn it Nederlânske taalgebiet is. Mar ús minyboekmerk ferplichtet likegoed ta marsjandearjen mei de oarspronklike útjouwer. Want ûnder de eksploitaasje­rjochten falt ek de oersetting fan in wurk. As in skriuwer syn tekst oersette lit, kin er foar elke oersetting in fergoeding freegje en beslute oft dy iepenbier makke wurde mei en yn hokker oplaach. Mar meastal by oersetten is it eksploitaasjerjocht oerdroegen en krijt de skriuwer in fergoeding foar elk oerset eksimplaar wylst syn útjouwer de hâlder fan de primêre eksploitaasjerjochten fan it wurk is. En dy wol jild fertsjinje oan jo oersetting. Jo rjochten as oersetter lizze it samar ôf. Aldergeloks is der in ynternasjonale gedrachskoade.

It beävesearjen fan in lisinsjeoerienkomst oersetrjochten giet foar it meastepart om jild, al kinne der ek oare wichtige punten wêze. Earst moatte de partijen it iens wurde oer de taal- en grûngebietfergunningen dy’t yn ’e oerienkomst komme. In Fryske titel wurdt inkeld en allinne yn Fryslân ferkocht; eat as de wrâldwide Fryske rjochten bestiet net. As neisjoen is oft de taalrjochten noch frij binne, giet it ûnderhanneljen troch. Op grûn fan de earste oplaach en de winkelpriis dy’t de útjouwer fan de oersetting bepaalt, wurdt de fergoeding berekkene: royaltyfoarskot en royaltytaryf. De hichte fan it foarskot hinget globaal ôf fan de grutte fan de potinsjele merk, ferkeappriis fan it boek, roaide oplaach fan de earste printinge en it gebrûklike royaltypersintaazje dêr’t de oersetting útkomt – hjir 10 persint fan de netto winkelpriis.

Foar in royalty-útstel is ferlet fan: in raming fan de unit sales potential fan ’e oersetting dêr’t de lisinsje foar oanfrege wurdt, de minimum winkelpriis fan it oersette boek op it oerienkommen grûngebiet, raming fan ’e oplaach earste printinge, raamde royalty as de earste printinge hielendal ferkocht wurdt, en wat it foarskot op de royaltys is by in útferkochte earste printinge, gewoanlik 33 oant 50 persint. Bygelyks foar de ‘unit’ poëzyblomlêzing:

  • 300 Fryske húshâldens x 1 unit en 50 skoallen x 2
  • Winkelpriis is € 17,50 (netto € 15,925)
  • Earste printinge is 500 eksimplaren
  • Us royaltytaryf op ’e earste printinge is 10% fan de netto ferkeappriis
  • Royalty krigen út de earste printinge is € 7.962,50 x 10% = € 796,25
  • It royaltyfoarskot is 50% dêrfan, dus € 398,13

It oanbod giet dan fan ‘Us royalty-útstel is € 800,00. As soks winske wurdt stjoere wy jo 4 presinteksimplaren.’

Regeling Karlêzingen

Dit is in regeling foar it oernimmen fan parten fan literêre wurken yn publikaasjes dy’t makke binne om brûkt te wurden as taljochting by it ûnderwiis. As jo kursusmateriaal meitsje en dêrfoar alinea’s of fersrigels út besteand wurk helje, meie jo dat dwaan sûnder foarôfgeande tastimming fan de makker. It opnimmen fan wurk moat wol berjochte en betelle wurde.

Download Regeling Karlêzingen

Opsizzen fan de oerienkomst

In opdracht wurdt meast oangien mei in eindatum of in eindoel. De poëzywebinars rinne oant krysttiid, de kollum is levere. Nei it berikken fan de datum of it doel einiget de opdracht, oars sein de opdrachtoerienkomst, automatysk. Wanprestaasje einiget de opdracht fansels. Mar ek sûnder wanprestaasje kin in opdrachtjouwer altyd de opdracht beëinigje, tuskentiidsk of wannear’t gjin eindatum of eindoel ôfpraat is. De opdrachtjouwer kin der altyd fan ôf, ek as de opdrachtnimmer, jo as skriuwer, in partikulier is.

Wolle jo as opdrachtnimmer opsismooglikheiden hawwe, nim dan de bepaling fan mooglikheid ta opsizzen, mei opsisterminen en fergoedingen, eksplisyt op yn jo kontrakt, bygelyks yn de algemiene betingsten. Betink wol dat bepalingen yn in kontrakt de wetlike bepalingen oan ’e kant sette kinne.

De wet komt benammen te sjen by it opsizzen fan in opdracht om de gatten op te foljen, dus by in stilswijende of in mûnlinge oerienkomst of as opsizzen net of min fêstlein is yn ’e oerienkomst. Jo hawwe altyd rjocht op fergoeding fan it part fan de opdracht dat útfierd is. Mooglik ha jo ek rjocht op skeafergoeding, ommers jo koene oant eindatum of -doel berikt wie gjin oare opdrachten oannimme en jo ynkomsten falle ûnferhoeds wei. Ynstee fan opsizzen of yn kombinaasje dermei kinne jo ek in ûntbining fan de oerienkomst brûke, beëiniging mei goedfinen fan wjerskanten, of in berop op ferneatiging of neatigens.

Wat by opdrachtskonflikten

Sels betûftste opdrachtnimmer ûntsnapt net altyf oan skeel mei de opdrachtjouwer. Mieningsferskil kin ûntstean oar deadline, budzjet – esktra fergoeding by ûnferhoeds ekstra wurk is in beruchtenien – of de manier sa’t jo de opdracht útfiere. By opdrachtkonflikten besykje jo sa gau mooglik op te lossen, ommers jo úbetelling en goeie namme kinne derfan ôfhingje, en mei in saaklike hâlding. Kom mei kleare arguminten foar jo hanneljen. Meitsje dúdlik wat de negative gefolgen foar de opdrachtjouwer binne as dy net betellet of op in oare manier de ôfspraak (of de wet) skeint. Meitsje oantekens fan alle petearen en bewarje alle offertes, ôfspraken en emails yn jo argyf. Dat jout jo bewiis en eat om op werom te fallen. Lit de opdrachtjouwer gjin gesichtsferlies lije (‘faaks ha jo de betingsten net goed sjoen…’), soms docht dy dingen gewoan út dommichheid. Mar fyn ek út of de opdrachtjouwer him faker misdroegen hat njonken opdrachtnimmers. Skeakelje by need in ynkassoburo yn. En set him op jo swarte list: gean him tenei út de wei.

Oare útjouwersprosedueres

Download Manuskriptbeoardieling Foarbyld
Download Blaudruk Utjefteplan
Download Blaudruk Promoasjeplan
Download Blaudruk Distribúsjeplan