Foar’t jo ynstjoere, sykje om strategyen dy’t jo manuskript sa sterk mooglik meitsje

Manuskripten

Grotesk is benijd nei jo manuskript en wol graach mei jo wurkje.

Is it jo earste manuskript, dan is it spannend: is it goed genôch… Of, wat binne in nije skriuwer syn kânsen op sukses? Ommers Google skat dat de minskheid al 130 miljoen boeken fuortbrocht hat.

Skriuwen is net in geniale ynfâl dy’t streekrjocht út de muze fia jo toetseboerd op it papier komt. Net foar neat ha se fier nei’t er dea wie Hemingway sizze litten: “The first draft of anything is shit.” Jo earste skets wolle jo jo kij noch net lêze litte, sei er. Nei dy earste skets kinne jo einleas byskave. Foar de refisy is gjin resept. Guon ferbetteringen binne in tafals­treffer en oare freegje om dreech oertinken. By de manuskriptrefisys kinne wy jo altyd helpe.

As wy jo manuskript net akseptearje kinne—wy binne mar lyts—kinne wy jo helpe it manuskript te ferbetterjen en wy kinne oanbefellingen dwaan oan kollega-útjouwers, bygelyks mei in positive manuskriptbeoardieling. Stoer ús jo manskript mar op!

  • Stjoer jo manuskript mei email en net mei de post, leafst as tekstdokumint (gjin pdf). Jo kinne as it manuskript net ôf is ek in pear haadstikken stjoere, teminsten 50 siden.
  • Set it manuskript yn in dúdlik lêsber 12-punts lettertype; mei de hân skreaune of printe manuskripten kinne wy net yn behanneling nimme.
  • As it om proaza, toaniel of nonfiksje giet, heakje dan oan it manuskript in begryplike synopsis ta fan twa of trije siden, mei (foar fiksje) personaazjes, plot en setting, of (foar nonfiksje) tema, konkurrinsje en wêrom’t dit boek oars is as alle oare, credentials en in haadstik-nei-haadstik-gearfetting.
  • Ynstee fan in synopsis kinne jo ek jo útjefteplan mei it manuskript meistjoere.
  • It brief by it manuskript befettet
    • in koarte CV/bio (150 wurden, earste persoan: wa binne jo),
    • in koarte beskriuwing fan it boek (maksimaal twa alinea’s),
    • in pitch foar it boek: wêrom’t it boek needsaaklik fielt,
    • in koarte ferklearring fan jo autoriteit (jo kwalifikaasjes om it boek te skriuwen),
    • en in koarte beskriuwing fan jo platfoarm (jo mooglikheid om it nijs oer jo boek sels te fersprieden).
  • Adressearje jo boek oan: ynfo@grotesk.site. Yn ’e ûnderwerpbalke kinne jo it útjoufûns sette dêr’t jo boek yn past:
    • “Manuskript Proaza - (titel fan jo manuskript)” of
    • “Manuskript Poëzij - (titel fan jo manuskript)” of
    • “Manuskript Nonfiksje - (titel fan jo manuskript)”.
  • As wy jo manuskript krigen ha, nimme wy it sekuer troch. Wy sjogge allerearst nei de orizjinaliteit en autentisiteit fan jo wurk. Jo krije fan ús in earlike beoardieling fan jo manuskript en wy besjogge oft wy it akseptearje kinne (faak wol). It kin twa oant trije moannen duorje foar’t jo berjocht fan ús krije.
  • Jo kinne altyd om in manuskriptbeoardieling freegje. Ek as jo sels-útjaan wolle.
    • in manuskriptbeoardieling (of útjourapport) befettet in oardiel oer styl en ynhâld
    • wy jouwe realistysk oan wat de mooglikheden mei it manuskript binne
    • wy dogge oanbefellingen foar ferbettering fan it manuskript
  • Wy publisearje allinnich yn it Frysk.

Tige tank!

Download Manuskriptbeoardieling Foarbyld
Download Blaudruk Utjefteplan
Download Blaudruk Promoasjeplan
Download Blaudruk Distribúsjeplan
Download $$$