Tiidplan

De tiidline foar redaksje en produksje fan in boek

It omsetten fan jo manuskript yn in boek sil tusken de seis en tolve moannen nimme. Ja.

Wa sit der noch sa lang foar in keunstwurk? Undersyk nei museumbesite liet sjen dat minsken trochinoar santjin sekonden foar in skilderij stean. It Louvre berekkene dat yn trochsneed tsien sekonden nei de Mona Lisa sjoen wurdt. It Metropolitan Museum of Art sei dat minsken 32,5 sekonden nei harren keunstwurken seagen mar wa wit telden se de lju dy’t al foarby rinnende efkes sjogge net mei. Dat moderne keunstwurken minder tiid nimme om te meitsjen as harren renêssânsesibben is wat in klisjee en it hoecht net te kommen om’t keunstners har ferfele foar har eigen wurk, mar hoe dan ek, de tiid dat jo nei in keunstwurk sjogge ferheget jo estetyske ûnderfining.

De manuskript-nei-boek-transformaasje bestiet út in stikmannich fazen.

  • Redaksje – it redigearjen litte wy dwaan troch in freelance redakteur. Sa kinne wy foar alle manuskripten de bêste man of frou sykje. As it manuskript ienris by dy redakteur leit, nimt it sa’n seis wiken om it te redigearjen.
  • Op ’e nij skriuwen – as it redigearjen klear is komt it manuskript werom by de skriuwer dy’t de ûndúdlikheden weinimt en oer tekstútstellen fan de redakteur neitinkt; oanpassingen fan it manuskript kinne inkeld dien wurde as de skriuwer it dêrmei iens is. De reaksje fan de skriuwer op ’e redaksjonele suggestjes en útstellen nimt twa oant fjouwer wiken. Nei de earste opnij-skriuwslach komt der faak noch in twadde (en tredde) mei dêrtusken it opnij lêzen en formulearjen fan útstellen troch de redakteur, dat twa oan fjouwer wiken nimt.
  • Opskjinjen fan it manuskript en markearjen foar de boekopmakker – de lêste ferzje fan it redigearre manuskript giet wer nei de redakteur om de nijste oanpassingen troch te fieren en no kinne ûntwerpsaken oanjûn wurde foar de setter; dit nimt ien oant twa wiken.
  • Foarmjaan fan it binnenwurk – de redakteur stjoert it manuskript nei ús werom en as wy it besjoen hawwe giet it nei in freelance foarmjouwer, dy’t de koppen, lettertypen, ôfmjittingen fan de yllustraasjes en tabellen en oare eleminten modellearret. Us boekformaat is 5.5” x 8.5” (14 x 21,5 sm.) mar bygelyks swier yllustrearre boeken kinne in oar formaat krije; it foarmjaan kostet twa oant fjouwer wiken.
  • Setwurk – it kreas opmeitsjen fan ’e tekst yn it binnenwurk nimt fjouwer oant seis wiken.
  • Korreksjes en (by nonfiksje) tarieding fan ’e yndeks – sadree’t de opmakke siden der binne giet dêrfan in digitaal bestân (pdf) nei de skriuwer ta (wy stjoere de printkladden net mear as hard copies, om griene redenen), de skriuwer markearret dan eventuele nije korreksjes en makket, as it om nonfiksje giet, de yndeks(en) yn de back matter fan it boek; rekkenje op twa oant trije wiken.
  • Omslachûntwerp – de freelance omslachûntwerper makket it omslach wylst de skriuwer oan it korrizjearjen en de yndeks oan it tarieden is; de skriuwer leveret ideeën oan de ûntwerper en makket in kar út de omslachútstellen.
  • Yndeksredaksje en korreksjes neisjen – de redakteur krijt de korrizjearre printkladden werom en sjocht de yndeks nei op konsistinsje en opmaak, de siden op sidenûmers en it gehiel op watfoar flater ek, wat ien oant twa wiken nimt.
  • Setten fan yndeks en korreksjes – ien oant twa wiken.
  • Neisjen fan korrizjearre siden troch de redakteur – ien oant twa wiken.
  • Setten fan de lêste korreksjes – ien oant twa wiken.
  • Printsjen en binen – twa oant seis wiken.
  • Fersprieding nei distributeurs en boekhannels – wy wurkje net mei it CB dat de opslach en oarderferwurking docht fan alle boeken dy’t yn hiel Nederlân op ’e merk komme, en ek net mei webwinkel bol.com dy’t troch syn lukrative deal mei it CB tsjin osa geunstige betingsten leverje kin en, oars as alle oare boekhannels, gjin inkeld risiko rint; mar wy ferkeapje fia Boekwinkeltjes en fansels direkt út de útjouwerij wei en wy hawwe ôfspraken mei de boekhannel Afûk, de Van der Veldekeatling en de fêstigingen fan Het Boekhuis; foar’t de boeken yn dy winkels lizze, kinne der trije of fjouwer wiken om gean—de datum fan ferskining yn de winkel publisearje wy op de webside.

Download Blaudruk Utjefteplan
Download Blaudruk Distribúsjeplan
Download Blaudruk Promoasjeplan