Modelkontrakt foar de utjefte

fan oarspronklik Frysktalich literer wurk

Yn it bewurkingsfjild hjirûnder kinne jo mei help fan de bewurkingsfunksjes de nammen, titel, oerienkommen honorarium en oare gegevens ynsette yn it tekstbestân. Nei it bewurkjen klikke jo op ‘Printsje’ en klear.

Mar tink derom, ek al wize de Literaire Uitgeversgroep en Auteursbond op ’e bewurkmodus fan de tekst, dy is beslist net TL;DR mar feitlik in net-oanpasbere standerttekst.

As de útjouwer, skriuwer of dy syn rjochtwinner it ûndersteande kontrakt feroaret of betingsten skrast, ferfangt of taheakket, mei it feroare dokumint gjin LUG/Auteursbond-Modelkontrakt mear hite. Wolle de partijen dochs de boarch fan ’e titel LUG/Auteursbond-Modelkontrakt, dan moatte de oanpassingen lyts wêze, op harsels stean en stik foar stik neamd wurde yn ’e Bysûndere bepalingen.

 

Modelkontrakt foar de útjefte fan oarspronklik Frysktalich literêr wurk

 

Fêststeld op 15 juni 2021, as feroare ferzje fan it op 6 juli 2011 jildende modelkontrakt, troch de Literaire Uitgeversgroep (LUG) fan de Groep Algemene Uitgevers (GAU) en de Auteursbond, as it Modelkontrakt foar de útjefte fan oarspronklik Nederlânsktalich literêr wurk. Dat modelkontrakt is ûntwurpen foar it regeljen fan de ferhâlding tusken in auteur fan in literêr wurk en syn útjouwer. De LUG en de Auteursbond beskôgje de yn it Modelkontrakt beskreaune rjochten en ferplichtingen as normatyf. De LUG en de Auteursbond binne fan betinken dat in auteur derop betrouwe kinne moat dat it oanbeane kontrakt mei de beneaming LUG/Auteursbond-Modelkontrakt identyk is oan de troch de LUG/Auteursbond fêststelde ferzje, publisearre op de websiden https://algemene-uitgevers.nl/ en www.auteursbond.nl.

Yn gefal de útjouwer of de auteur/dy syn rjochtwinner wizigingen yn it LUG/Auteursbond-Modelkontrakt oanbringt, of betingsten skrast of taheakket, mei dizze oanpaste ferzje yn prinsipe net de titel LUG/Auteursbond-Modelkontrakt drage.

Mochten partijen yn in yndividueel gefal beskate artikelen skrasse wolle of ferfange dan moat dêrby oantsjut wurde dat it ôfwikingen fan it LUG/Auteursbond-Modelkontrakt oangiet. Dy oanpassingen moatte dúdlik foar alle partijen oanwiisd wurde, en dy oanpassingen moatte neamd wurde by de bysûndere bepalingen.

De Taljochting (dêr’t ûnder oare de konsiderâns efter dit Modelkontrakt en oare oerwagingen stean) moat as in ûnskiedber ûnderdiel fan dit Modelkontrakt beskôge wurde; dy is te finen op de websiden fan de Auteursbond en de GAU.

 

De ûnderskreaunen,

 

(1) …

neier te neamen ‘de auteur’ oan ’e iene kant en

 

(2) …

neier te neamen ‘de útjouwer’ oan ’e oare kant, binne dit oerienkommen:

 

 

Kêst 1 Eksklusive lisinsje

 

1. De auteur jout de útjouwer mei útsluting fan himsels en alle oaren in lisinsje om it troch de auteur makke / te meitsjen wurk, dêr’t de titel fan is / foarearst fêststeld is op . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . . te eksploitearjen mei it acht slaan fan de yn dit kêst neamde betingsten.

As de titel noch allinne in foarriedigenien is, sille auteur en útjouwer de úteinlike titel yn mienskiplik oerlis fêststelle. De titel makket diel út fan it wurk. De auteur en útjouwer ferplichtsje har om de titel fan it wurk net foar oare wurken te brûken, of it moast wêze dat dy as in troch de auteur makke ferfolch op it wurk te beskôgje binne.

 

(opsje) yn it wurk sil / sille … yllustraasjes opnommen wurde, te leverjen troch de auteur / útjouwer, dêr’t neiere ôfspraken oer makke wurde sille.

 

2. De auteur machtiget de útjouwer fêststeand om it út syn auteursrjocht folgjend foech út te oefenjen ta de beskerming en it bewarjen foar tredden oer fan it by dizze oerienkomst oan de útjouwer takende foech en dêrta, op eigen kosten en by need op namme fan de auteur, yn likegoed as bûten it rjocht te hanneljen. De útjouwer is holden om de auteur op ’e hichte te bringen fan te treffen maatregels. Partijen ferplichtsje har om inoar alle winske meiwurking te jaan en op earste fersyk alle fereaske gegevens oer te langjen.

 

3. De útjouwer hat it útslutende rjocht om sels it wurk út te jaan yn boekfoarmen/of yn e-boekfoarm en/of as harkboek yn de Fryske taal, yn earste printinge en/of ferzje en yn oare al of net feroare printingen en/of ferzjes, op betingst dat de auteur fan de útjouwer it yn kêst 10 neamde honorarium krijt. In e-boek is in digitaal bestân dat de ynhâld fan it wurk befettet. Under it útjaan fan it wurk yn e-boekfoarm wurdt ek ferstien it online (op ynternet en/of hokfoar oar platfoarm of mobyl netwurk) ta beskikking stellen fan it wurk yn e-boekfoarm en/of hokfoar oare digitale foarm. Partijen begripe dat yn de takomst in e-boek troch de wei fan in text-to-speech-funksje ek op dy manier ‘beharkber’ wêze sil.

In harkboek is in troch ien of mear stimmen ynsprutsen werjefte fan it folsleine wurk dêr’t net sûnder foarôfgeande tastimming fan de auteur fan ôfwykt wurde mei.

 

4. De útjouwer hat, mei it acht slaan fan de yn dit kêst neamde betingsten, it útslutende foech om út namme fan de auteur oerienkomsten te sluten mei tredden oanbelangjende it útoefenjen fan de yn dit kêst neamde eksploitaasjerjochten op betingst dat de auteur fan de útjouwer it by it oanbelangjende eksploitaasjerjocht neamde persintaazje krijt fan it bedrach, frij fan BTW, dat troch de útjouwer krigen wurdt foar de oanbelangjende eksploitaasjes.

Wannear’t de útjouwer foar ien of mear fan de yn de lidden 5 en/of 6 omskreaune eksploitaasjefoarmen net mei in tredde kontraktearret, maar foar eigen rekken en risiko hannelet, bliuwe de dêrby neamde betingsten fan krêft, of it moast wêze dat út in ôfspraak oer it honorearjen yn kêst 10 of út in neiere skriftlike ôfspraak folget dat de útjouwer dy eksploitaasjerjochten ûnder de dêre neamde betingsten útoefenje kin.

Foar safier’t út kêst 10 of út in neiere skriftlike ôfspraak noch net folget op hokker honorearjen de auteur oanspraak makket, sil de útjouwer mei de auteur skriftlik in royaltypersintaazje oerienkomme. Dat persintaazje sil fêststeld wurde op basis fan in 50/50-ferdieling fan de ferwachte netto-opbringst. Under netto-opbringst wurdt ferstien it bedrach, frij fan BTW, dat troch de útjouwer foar de oanbelangjende eksploitaasje krigen wurdt, fermindere mei de kosten dy’t troch de útjouwer makke wurde moatte om de oanbelangjende eksploitaasje te ferwêzentlikjen.

 

5. De yn lid 1 oan de útjouwer jûne eksklusive lisinsje omfettet mei de neikommende eksploitaasjerjochten:

a. it útjaan fan it wurk yn in oare as de Fryske taal (…%);

b. it oernimmen fan in part fan it wurk yn in blomlêzing, griemmank, databank, edukative publikaasje of oars (…%);

c. it publisearjen fan in part fan it wurk, op te nimmen as foarpublikaasje of oars, yn in krante, tydskrift of oar medium (…%);

d. it mannichfâldigjen fan it hiele wurk of in part fan it wurk troch it fêstlizzen dêrfan op lûd- en of bylddragers en it iepenbier meitsjen fan dy mannichfâldigingen (…%);

e. it iepenbier meitsjen yn net-wizige foarm fan it hiele wurk of in part fan it wurk, itsij foar publyk, itsij foar radio of tillefyzje (…%);

f. it fergees meiwurkjen oan it meitsjen en fergoedingsfrij ta beskikking stellen fan it wurk foar oanpaste útjeften foar blinen en oars fisueel handikapten (0 %).

 

De útjouwer sil de auteur op ’e tiid en folslein op ’e hichte stelle en him dellizze by ridlike beswieren fan de auteur, mei útsûndering fan kêst 5 f, itjinge in wetlike ferplichting is.

 

6. De eksklusive lisinsje dy’t yn lid 1 oan de útjouwer jûn is omfettet tagelyk de hjirnei neamde rjochten, mits foar it útoefenjen derfan skriftlike tastimming fan de auteur krigen is:

a. foar it útlienen fan it wurk yn e-boekfoarm, sjoch ek foar it saneamde e-lending convenant: https://zoek.officielebekendmakingen.nl/stcrt-2018-59302.html

b. it wurk hielendal of foar in part útjaan en eksploitearjen yn audiofoarm troch in oare útjouwer of platfoarm, as harkboek(…%);

c. it publisearjen fan it hiele wurk of in part derfan it wurk as feuilleton yn in krante of in tydskrift (…%);

d. it bewurkjen fan it wurk foar radio, tillefyzje, film, oare audiofisuele produksjes, foar reproduksje en/of publikaasje yn elektroanyske foarm en foar toaniel (…%);

e. it jaan fan tastimming oan in oare útjouwer foar in aparte lisinsje-útjefte, sûnder dat dêrtroch oan de oare útjouwer it rjocht jûn wurdt om op syn bar mei tredden oer it wurk te onderhannelen en te kontraktearjen (…%).

 

7. De yn dit kêst oan de útjouwer jûne eksklusive lisinsje omfettet net de rjochten en fergoedingsoanspraken dy’t kollektyf troch Stifting Lira útoefene wurde, lykas opnommen yn it Lira Aansluitingscontract 2021. As de auteur in eksploitaasje-oerienkomst sletten hat mei in oare kollektive taferjochorganisaasje as Lira, dy’t ien of mear fan de yn lid 5 of lid 6 neamde eksploitaasjerjochten al út namme fan him útoefenet, moat de auteur dat foar it ôfsluten fan dizze oerienkomst skriftlik te witten dwaan oan de útjouwer.

 

8. Auteur en útjouwer sille inkeld en allinne mei-inoar beslute oer eventuele lisinsjes dy’t troch de útjouwer oan tredden te jaan binne op basis fan de útjefte fan it wurk, dy’t net yn de oerienkomst dêr’t it om giet foarsjoen binne. Foarôfgeand oan it útoefenjen fan dy rjochten is skriftlike tastimming fan de auteur fereaske. De útjouwer krijt fan de auteur de earste opsje om eksploitaasjerjochten út te oefenjen dy’t basearre binne op de útjefte fan it wurk, mar dy’t op it stuit fan it sluten fan de oerienkomst noch net foarsjoen wurde koene.

 

9. De auteur hat it rjocht om ien of mear fan de yn lidden 5 (mei útsûndering fan f ), en/of 6 neamde eksploitaasjerjochten skriftlik te beëinigjen mei in ridlike opsistermyn fan trije moannen as de auteur ridlike grûnen hat om oan te nimmen dat in beskate mooglikheid ta eksploitaasje net brûkt wurdt, sûnder dat de útjouwer in goede reden hat om dy eksploitaasjemooglikheid net-brûkt te litten. Dat opsizzen kin lykwols net earder barre as neidat de auteur dy ridlike grûnen neamd hat en troch de útjouwer winske oerlis net ta oerienstimming laat hat. Dat opsizzen sil nea ta gefolch hawwe dat al rjochtmjittich jûne rjochten oan tredden weromdraaid wurde. As de auteur, al of net yn oparbeidzjen mei in tredde, nei opsizzen fan it eksploitaasjerjocht dat rjocht sels útoefenet, hâldt de útjouwer oanspraak op 50% fan it neffens dit kêst oerienkommen oanpart fan de útjouwer.

 

Kêst 2 Frijwarjen

 

1. De auteur ferklearret hjirby en stiet der foar de útjouwer oer foar yn dat er folslein rjochtige en befoege is om it yn dizze oerienkomst neamde foech oangeande it wurk te jaan, dat er oangeande it wurk gjin lisinsje of oar auteursrjochtlik foech oan tredden jûn hat of ôfstân fan auteursrjocht dien hat en dat tredden op it wurk gjin rjochten yn de sin fan de Auteurswet jilde litte kinne.

Mochten troch de auteur oan tredden rjochten jûn wêze, dan moatte dy mei klam yn in oan dizze oerienkomst hechte en troch de auteur en de útjouwer ûnderskreaune bylage neamd wurde. Dat frijwarjen jildt ûnfermindere it rjocht fan de útjouwer op skeafergoeding, as op grûn fan in ynbrek op it auteursrjocht it wurk net of net langer ferskine kin en de útjouwer fan gefolgen skea lije soe.

 

2. Auteur en útjouwer binne mei-inoar ferantwurdlik foar hokfoar oanspraak ek fan in tredde foar auteur en/of útjouwer oer oanbelangjende de ynhâld fan it wurk, oars as op grûn fan in ynbrek op it auteursrjocht. As tredden oangeande de ynhâld hokfoar oanspraak foar auteur en/of útjouwer oer oankundigje of yn behanneling bringe, sille de útjouwer en de auteur yn goed oerlis fêststelle oft hja dêrtsjin ferwar fiere en op hokker manier oft dat barre sil.

De ferhâlding ûnderinoar dêr’t de útjouwer en de auteur de út sokke oanspraken folgjende kosten yn drage, en dêrûnder begrepen de kosten fan ferwar en oan tredden te beteljen skeafergoedingen, sil nei ridlikheid en binlikens fêststeld wurde.

As sprake is fan opsetsin of slim fersom, binne lykwols alle kosten en skea foar rekken fan de partij dy’t him dêroan skuldich makke hat. Under slim fersom fan de auteur wurdt begrepen de omstannichheid dat de auteur de útjouwer net op ’e tiid foar de publikaasje ynljochte hat oer foar de útjouwer ûnbekende mooglike gefoeligheden oangeande yn it wurk neamde of bedoelde persoanen, dy’t de auteur foarsjoen moatten hie. Under slim fersom fan de útjouwer wurdt begrepen de omstannichheid dat de útjouwer troch de auteur op ’e tiid yntsjinne fersiken ta wiziging fan it manuskript om kosten en skea tefoaren te kommen net ynwillige hat.

 

Kêst 3 Ynleverjen parsereeë kopij

 

1. De auteur ferbynt him om / hat al de folsleine parsereeë kopij op syn lêst op … oer te jaan / oerjûn oan de útjouwer.

 

2. Under parsereeë kopij wurdt ferstien: kopij, makke mei it acht slaan fan de troch it bedriuw fan de útjouwer hantearre regels, dy’t de auteur troch de útjouwer sa gau mooglik oerjûn wurde.

 

3. As de útjouwer de kopij net akseptearret om’t de kwaliteit fan de ynhâld net oan ridlike ferwachtingen foldocht, kin de útjouwer beslute om net ta útjefte oer te gean. As de útjouwer de kopij akseptearret, heart it ta de taak fan de útjouwer om by need, op kosten fan de útjouwer, de kopij yn oerlis mei de auteur te redigearjen. As de útjouwer lykwols oermjittige kosten meitsje moat foar it redigearjen fan de kopij, sil earst yn oerlis mei de auteur besjoen wurde oft de útjouwer ta redigearjen oergean sil en oft de kosten dêrfan foar in part yn mindering brocht wurde op it honorarium fan de auteur.

 

4. De auteur is ferplicht om op syn minsten ien bywurke duplikaat fan syn kopij, of in kopy dêrfan yn elektroanyske foarm, te bewarjen en dat op earste fersyk fergees oan de útjouwer ta beskikking te stellen as it orizjineel ferlern gien is of it yn dusoarder rekke is.

 

5. By net op ’e tiid ynleverjen fan de folsleine parsereeë kopij is de útjouwer rjochtige om de oerienkomst ûntbûn te ferklearjen as de auteur, nei skriftlik oanmoanne te wêzen dêr’t him in ridlike termyn by gund is om noch oan syn ferplichtingen te foldwaan, yn fersom bliuwt. De auteur is as it frege wurdt holden om oan him jûne foarskotten werom te beteljen binnen in moanne nei de datum fan ûntbining fan de oerienkomst. Yn gefal fan fersom fan de auteur kin er troch de útjouwer ferplichte wurde ta it fergoedzjen fan de skea, besteande út ta it stuit fan ûntbining fan de oerienkomst foar de útjefte dêr’t it om giet makke echte kosten.

 

6. De auteur ferbynt him om de printkladden fan syn wurk te korrizjearjen en dy korrizjearre printkladden binnen in ridlike, op ’e tiid oerien te kommen termyn oan de útjouwer te werom te stjoeren.

 

7. Oan it earste setwurk ta hat de auteur it rjocht om oanpassingen en korreksjes troch te fieren. As de auteur dêrnei noch oanpassingen en korreksjes yn it setwurk oanbringe wol en de kosten dêrfan heger binne as de kosten dy’t gongber binne foar de korreksje fan in setwurk fan dy grutte, kin de útjouwer de kosten fan dy ekstrakorreksje boppe de gongbere kosten ferhelje op de auteur, mits de útjouwer foarôfgeand oan it trochfieren fan de ekstrakorreksje de auteur op ’e hichte stelt fan de dêroan ferbûne raamde kosten.

 

8. It oarspronklike manuskript en de duplikaten dêrfan bliuwe eigendom fan de auteur en kinne binnen in ridlike termyn oan de útjouwer werom frege wurde.

 

Kêst 4 Termyn útjefte

 

1. De útjouwer ferbynt him om it wurk foar syn rekken en risiko út te jaan binnen in termyn fan tolve moannen nei ynleverjen fan de parsereeë kopij.

 

2. De útjouwer hat it rjocht om de yn it foarrige lid neamde termyn ienkear mei op syn heechst tolve moannen te ferlingjen. Hy jout de auteur dêrfan skriftlik berjocht ûnder opjefte fan de bysûndere redenen dy’t dy ferlinging needsaaklik meitsje.

 

Kêst 5 Oplaach en priis

 

1. De útjouwer bepaalt de grutte fan de oplaach en de ferkeappriis foar safier’t it in boek is dat falt ûnder de Wet Vaste Boekenprijs, en foar alle oare exploitaasjefoarmen in ferkeap(advys)priis, in ynkeappriis of in priis foar de lisinsje op it lêzen fan en/of harkjen nei it wurk.

Dy ynformaasje is fan de dei fan ferskining fan alle útjeften ôf foar de auteur beskikber. Op fersyk fan de auteur sil de útjouwer dy ynformaasje ek skriftlik oan de auteur befêstigje. Yn alle gefallen sil de útjouwer de auteur by it ôfrekkenjen lykas bedoeld in Kêst 11 dy ynformaasje oerlangje.

 

2. Ofhinklik fan de aard fan it wurk en it type fan de útjefte sil in troch de útjouwer nei ridlikheid fêst te stellen oantal eksimplaren net foar de ferkeap bestimd wêze. Oer dy eksimplaren wurdt gjin honorarium útbetelle.

 

Kêst 6 Eksploitaasje

 

1. De einferantwurdlikheid en it beslissingsfoech oer de manier fan eksploitaasje en oer de definitive foarmjouwing fan in útjefte berêste by de útjouwer.

De útjouwer sil mei de auteur safolle mooglik oerlizze oer de foarmjouwing fan in útjefte en is ferplichte om in útjefte goed te fersoargjen en de eksploitaasje fan it wurk te befoarderjen. Foar de útjefte as harkboek sil de útjouwer op ’e tiid oerlizze oer de neistribbe stimkarren.

 

2. Foar de ferskining fan in útjefte fan it wurk sil de útjouwer oerlizze mei de auteur oer de ferwachte oplaach en priis, en oer it belied foar promosjonele aktiviteiten. As soks winske is leit de útjouwer ien en oar skriftlik foar de auteur fêst.

Wannear’t foar promosjonele doelen in part fan it wurk op ynternet of oars in elektroanyske foarm troch de útjouwer of troch de auteur publisearre wurdt, sil dat part nea mear as 2500 wurden fan it wurk bedrage, of yn gefal fan poëzy nea mear as 100 rigels, of it moast wêze dat oars oerienkommen is. Partijen sille dêrby yn oerlis it part en de foarmjouwing dêrfan bepalen.

 

3. De útjouwer ferplichtet him om de namme fan de auteur of it troch him winske pseudonym yn alle útjeften fan it wurk dúdlik sichtber te neamen, bygelyks op titelblêd, bân en/of omslach fan it wurk en yn alle advertinsjes en oare reklame foar it wurk.

 

4. Namme, portret en persoansgegevens fan de auteur meie troch de útjouwer net oars brûkt wurde as foar promosjonele doelen foar it wurk of it fûns fan de útjouwer. Foar elk oar brûken is mei klam skriftlike tastimming fan de auteur fereaske, dy’t dêroan neiere betingsten ferbine kin.

 

5. De útjouwer is ferplicht om yn elk eksimplaar (mei útsûndering fan it harkboek) fan it wurk it jiertal fan de útjefte te neamen, en as dat fan tapassing is werprintinge of werútjefte te neamen, en ek it teken © oan te bringen, mei it neamen fan it jier fan earste útjefte en de namme fan de auteur.

De auteur sil yn it wurk sa oantsjut wurde: …

 

Kêst 7 Auteurseksimplaren

 

De auteur krijt by it ferskinen fan it wurk yn boekfoarm … eksimplaren fergees en by alle werprintingen, as soks winske is, … eksimplaren fergees.

By útjefte yn e-boek/harkboek wurdt foar ien kear op fersyk in eksimplaar oarlange.

 

Kêst 8 Oergong rjochten by deagean

 

1. De rjochten en plichten fan de auteur gean, foar safier’t dy gjin persoanlik wurk oanbelangje, nei syn dea oer op syn erfgenamten of oare rjochtwinners.

 

2. Binne der mear rjochthawwers, dan moatte dy ien persoan oanwize dy’t har fertsjintwurdiget yn alles wat dizze oerienkomst oangiet. Salang’t sok oanwizen net syn beslach krigen hat, wurdt in eventuele betelplicht fan de útjouwer útsteld. Beteljen troch de útjouwer oan sa’n fertsjintwurdiger befrijt him tsjinoer alle rjochthawwers.

 

Kêst 9 Oerdracht kontrakt

 

1. Unfermindere it bepaalde yn kêst 1 sil de útjouwer syn rjochten en plichten út dit kontrakt net hielendal of foar in part oan in tredde overdrage meie sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

 

2. Yn gefal de útjouwer syn rjochten en plichten út dit kontrakt hielendal of foar in part winsket oer te dragen oan in ûndernimming dêr’t de útjouwer yn in ploech mei is ferbûn, of yn gefal de útjouwer syn bedriuw of fûns hielendal of foar in part oan in oare útjouwer winsket oer te dragen, sil de auteur syn tastimming ta oerdracht fan de rjochten en plichten út dizze oerienkomst allinne wegerje meie as de auteur ridlike grûnen hat om oan te nimmen dat de nije útjouwer ûnbekwaam of ûngeskikt achte wurde moat om de eksploitaasje fan it wurk fuort te setten yn de geast en op de manier sa’t dy foar de oerdracht syn beslach krige.

 

Kêst 10 Honorarium

 

1. De auteur sil as honorarium krije:

foar paperback en/of bûne útjeften in royalty fan: …;

foar in ‘mid priced’ útjefte in royalty fan: …;

foar de útjefte yn pocketfoarm in royalty fan: …;

foar de útjefte yn e-boekfoarm in royalty fan…;

foar it online ta beskikking stellen fan it wurk yn e-boekfoarm yn streaming of ferhier in royalty fan…;

foar de útjefte as harkboek op in fysike drager in royalty fan …;

foar de útjefte as digitale ferzje fan in harkboek in royalty fan…;

 

2. De royalty wurdt berekkene op grûn fan de troch de útjouwer fêststelde ferkeappriis, frij fan BTW foar safier’t it fysike eksimplaren oangiet en foar de online ta beskikking stelling fan de útjefte yn e-boekfoarm en it harkboek yn alle foarmen op grûn fan de netto-opbringst. As de útjouwer gebrûkslisinsjes jout of (eksimplaren fan) it wurk ferhiert, wurde de yn lid 1 neamde persintaazjes berekkene oer de lisinsjefergoeding, frij fan BTW.

 

3. Foar eksimplaren dy’t oan in boekeklub levere wurde, krijt de auteur in royalty fan …; dizze royalty wurdt berekkene op grûn fan de troch de boekeklub fêststelde stipersprijs.

 

4. Foar eksimplaren dy’t oan België levere wurde, krijt de auteur in royalty fan …; dy royalty wurdt berekkene op grûn fan de netto opbringst yn België. Foar auteurs dy’t yn België wenje wurdt de royalty berekkene lykas yn kêst 10 lid 1.

 

5. Foar eksimplaren dy’t mei in koarting fan fiifenfyftich of mear persint fan de ferkeappriis levere wurde fia taheakke ferkeapkanalen, lykas yn gefal fan relaasjekado’s en ledewinaksjes, krijt de auteur …% fan it bedrach, frij fan BTW, dat troch de útjouwer krigen wurdt (ferkeappriis fermindere mei de jûne koarting). De útjouwer sil de auteur dêr foarôfgeand oan it gebrûkmeitsjen fan dy taheakke ferkeapkanalen fan yn kennis stelle.

 

(opsje) De auteur krijt in foarskot op it yn it earste lid bedoelde honorarium: fan … euro by it ûnderskriuwen fan dizze oerienkomst en/of fan … euro by ynleverjen fan de folsleine parsereeë kopij. Dat foarskot is net werom te foarderjen mei útsûndering fan it bepaalde yn kêst 3 lid 5. It foarskot is ferrekkenber mei it honorarium dat de útjouwer de auteur betelje moat op grûn fan ynkomsten út de eksploitaasje, en dêrûnder begrepen de eksploitaasje fan njonkenrjochten.

 

Kêst 11 Ofrekkenjen

 

1. Alle jieren, op syn lêst op …, sil de útjouwer oer it foarôfgeande kalinderjier de auteur in transparante ôfrekkenning stjoere, dêr’t op syn minsten op foarkomme:

a. de begjinfoarried fan de yn it oanbelangjende kalinderjier noch beskikbere oplaach;

b. it folslein oantal eksimplaren fan de yn it oanbelangjende kalinderjier produsearre oplaach;

c. it oantal yn it oanbelangjende kalinderjier ferkochte printe eksimplaren mei it neamen fan de partikuliere ferkeappriis en eventueel it oantal opromme eksimplaren;

d. it oantal ôfjûne presint- en besprek-eksimplaren;

e. it oantal skansearre eksimplaren en misprintingen;

f. de noch oanwêzige foarried net ferkochte printe eksimplaren, en dêrby de weromkrigen eksimplaren;

g. de opbringsten út de eksploitaasje fan it e-boek en it harkboek, dêr’t foar de auteur op transparante manier by sichtber is wêr’t en yn hokker foarm (downloading, streaming ensf.) oft dy opbringsten wûn binne en hoe’t it bedrach dat oan de auteur betelle wurde moat berekkene is;

h. de nei oanlieding fan kêst 1 oan de auteur takommende oare baten út eksploitaasje troch de útjouwer of troch tredden (‘njonkenrjochten’);

i. de bedraggen fan de jûne foarskotten en de eventuele ekstrakorreksje dy’t foar de lêst komt fan de auteur.

 

2. It bedrach dat de útjouwer sa’t bliken docht út de ôfrekkening oan de auteur betelje moat, is opeaskber fan in moanne nei deitekening ôf. Op fersyk fan de auteur sil de útjouwer op syn lêst op 1 septimber fan it rinnende kalinderjier in raming meitsje fan de út te beteljen royalty yn de earste seis moannen fan dat jier. As it honorarium dat de útjouwer neffens dy raming oan de auteur betelje moat 1000 euro of mear bedraacht, krijt de auteur as er dat wol dat honorarium by wize fan ferrekkenber foarskot op het bedrach dat de útjouwer sa’t blykt út de dêropfolgjende ôfrekkening oer it oanbelangjende kalinderjier oan de auteur betelje moat.

 

3. In ôfwiking fan it yn lid 2 bepaalde kin de auteur freegje dat de útjouwer binnen in moanne oan him syn oanpart yn de bedraggen útkeart, dy’t de uitgever oangeande de exploitaasje troch tredden (‘njonkenrjochten’) of troch opromming krigen hat, mits dat oanpart op syn minsten twahûndertenfyftich euro bedraacht.

 

4. De ôfrekkening krijt syn beslach ûnder foarbehâld fan weromstjoerde eksimplaren.

 

Kêst 12 Ynsjen boeken

 

1. As de auteur foar it beoardieljen fan syn rjochten ferlet hat fan hokfoar gegeven út de boekhâlding en/of út de stikken fan de útjouwer, is de útjouwer ferplicht om him in úttreksel út dy boekhâlding of een kopy fan de stikken te jaan.

 

2. De auteur hat it rjocht om ienkear it jier op eigen kosten:

a. as it frege wurdt in ferklearring fan in registerakkountant, lid fan it NBA, te krijen by de yn artikel 11 bedoelde ôfrekkening;

b. de boeken en stikken fan de útjouwer, dy’t slaan op de exploitaasje fan it wurk, op it kantoar fan de útjouwer troch in troch him oanwiisde registerakkountant, lid fan it NBA, kontrolearje te litten.

 

3. Mocht by kontrôle bliken dwaan dat de útjouwer him yn it neidiel fan de auteur oan net te ferwaarleazgjen flaters of fersommen oangeande de berrekkening fan it oan de auteur takommende honorarium skuldich makke hat, dan komme, yn ôfwiking fan it yn lid 2 bepaalde, de kosten fan de kontrôle foar de lêst fan de útjouwer.

 

Kêst 13 Werprintinge en nije ferzje

 

1. De útjouwer hat it rjocht om hieltyd wannear’t er dat winsklik achtet in werprintinge en/of nije ferzje fan it wurk út te jaan.

 

2. De útjouwer sil de auteur op ’e tiid syn foarnimmen meidiele om in werprintinge en/of nije ferzje fan it wurk út te jaan en dêrby de auteur de gelegenheid biede om yn syn wurk ferbetteringen oan te bringen, binnen een neier oerien te kommen ridlike termyn.

 

3. Foar in net-wizige of niet yngeand wizige werprintinge en/of nije ferzje jilde alle bepalingen fan dizze oerienkomst, sa bedoeld, dat it ta te passen persintaazje lykas bedoeld yn kêst 10 berrekkene wurdt oer it folslein oantal ferkochte eksimplaren.

 

4. As de troch de auteur winske ferbetteringen ta yngeande feroaring fan ynhâld, aard, grutte, indieling, foarm of priis fan it wurk liede sille, sille partijen by need in oanfoljende oerienkomst slute oangeande it honorarium foar de feroare útjefte.

 

Kêst 14 termyn werprintinge

 

1. De útjouwer moat tefoaren komme dat it wurk langer as ien jier net foar it publyk beskikber is yn boekfoarm. Foar it publyk beskikber wol sizze dat it wurk op fersyk fan in konsumint op syn minsten binnen in moanne yn boekfoarm te krijen wêze moat, itsij út foarried, itsij op bestelling. De útjouwer jout de auteur as it frege wurdt ynformaasje oer de beskikberens fan it wurk, neist de ynformaasje dy’t folget út it ôfrekkenjen lykas neamd yn kêst 11. Wannear’t it wurk net mear beskikber is yn boekfoarm, sil de útjouwer de auteur berjochtsje en te witten dwaan hokker aksje oft er oangeande beskikberens ûndernimme sil.

 

2. Op in werprintinge lykas yn it foarrige lid bedoeld is kêst 13, lidden 2, 3 en 4, fan oerienkomstige tapassing.

 

3. Yn oerlis kinne partijen ek bepale dat it wurk inkeld en allinne yn digitale foarm oan it publyk beskikber steld wurdt, as dêrmei nei it oardiel fan partijen it wurk foldwaande beskikber is.

 

Kêst 15 Beëiniging / oerlis oer fuortsetting

 

1. De auteur hat it rjocht om dizze oerienkomst skriftlik te beëinigjen:

a. as nei it ferstriken fan de (ferlinge) útjeftetermyn lykas bedoeld yn kêst 4 it wurk net ferskynd is, ûnfermindere syn rjocht op skeafergoeding;

b. as it wurk langer as in jier net yn boekfoarm (en dêrûnder POD) foar it publyk beskikber is en de útjouwer net op koarte termyn nei in dêrta tsjinjend fersyk fan de auteur in skriftlike tasizzing dien hat dat it wurk binnen ridlike termyn wer beskikber komt, of dy tasizzing net neikomt, ûnfermindere syn rjocht op skeafergoeding yn gefal fan net neikommen troch de útjouwer;

c. as it honorarium foar de auteur foar de folsleine eksploitaasje fan it wurk yn in kalinderjier net mear as 200 euro bedraacht (in bedrach dat fan ôf 2022 op basis fan CPI-noarmen yndeksearre wurdt). De útjouwer sil nei beëiniging in E-pub bestân of in PDF fan it wurk oan de auteur tastjoere. De útjouwer frijwarret de auteur net fan mooglike rjochten op omslach, binnenwurk, yllustraasjes ensf. As beskate rjochten lykas ôfpraat yn dizze oerienkomst net eksploitearre wurde troch de útjouwer sille dy weromfalle oan de auteur konfoarm kêst 25e Auteurswet en sil de oerienkomst hielendal of foar in part ûntbûn wurde.

 

2. In slim tekoart fan in partij yn it neikommen fan dizze oerienkomst jout oan de tsjinpartij it foech om de oerienkomst hielendal of foar in part te ûntbinen, of it moast wêze dat it tekoart, sjoen syn bysûndere aard of lytse betsjutting yn ferhâlding ta de oangiene ferbyntenissen, dy ûntbining mei syn gefolgen net rjochtfeardiget.

 

3. As de útjouwer fallyt ferklearre wurdt of as syn bedriuw yn likwidaasje giet, hat de auteur it rjocht om de oerienkomst mei direkte yngong te beëinigjen troch de wei fan in skriftlike meidieling oan de útjouwer.

 

4. As de útjouwer surseânse fan beteljen oanfreget, hat de auteur it rjocht om de oerienkomst mei it acht slaan fan in ridlike termyn te beëinigjen troch de wei fan in skriftlike meidieling oan de útjouwer, of it moast wêze dat dat foar de útjouwer oer dúdlik onridlik is yn ferbân mei in foarnommen fuortsetting fan it bedriuw. As sprake is fan dúdlike onridlikheid, hâldt de auteur it rjocht om de oerienkomst te beëinigjen, as him ûnfoldwaande wissichheid bean wurdt foar it neikommen fan finansjele ferplichtingen fan de útjouwer dy’t ûntstean fan it tijdstip fan surseânse ôf.

 

5. De útjouwer ferplichtet him om fiif jier nei publikaasje fan it wurk op fersyk fan de auteur in petear te fieren oer de warberens foar it wurk. De útjouwer ferplichtet him om in fersyk fan de auteur ta ûntbining fan dizze oerienkomst op grûn fan ûnfoldwaande eksploitaasje (mar mear as neamd bedrach ûnder kêst 15 lid 1 sub c) of op basis fan bettere eksploitaasjemooglikheden earne oars goedwillich te behanneljen, dêr’t partijen rekken by hâlde moatte mei noch net weromfertsjinne foarskotten (en de mooglikheid dy noch werom te fertsjinjen) en de mooglikheid dat it wurk diel útmakket fan in searje.

 

6. Nettsjinsteande de beëiniging fan dizze oerienkomst is de útjouwer rjochtige om de ferkeap fan eksimplaren fan it wurk dy’t noch yn foarried binne, fuort te setten en kin de útjouwer dêrby by need gebrûk meitsje fan it him yn kêst 16 jûne foech.

 

7. Nei beëiniging fan dizze oerienkomst oerienkomstich it bepaalde yn lid 1 sub c fan dit kêst hat de auteur it rjocht om de noch by de útjouwer oanwêzige ûnferkochte eksimplaren oer te nimmen tsjin beteljen fan fiifenfjirtich persint fan de ferkeapprijs. Oer dy eksimplaren is de útjouwer gjin royalty feskuldige.

 

8. It stiet de auteur frij om foar nij wurk in oerienkomst oan te gean mei in tredde. Op fersyk fan de auteur is de útjouwer ree om mei de auteur of mei dy tredde te oerlizzen oer de mooglikheid ta en de betingsten foar in eventuele beëiniging fan dizze oerienkomst nettsjinsteande it feit dat him gjin fan de yn dit kêst neamde beëinigingsgrûnen foardien hat. De útjouwer bliuwt lykwols rjochtige om de auteur oan dizze oerienkomst te hâlden.

 

Kêst 16 Ferleegjen / opheffing fan de priis

 

1. Bywannear’t nei ferrin fan twa jier nei ferskinen fan hokker printinge ek bliken docht dat it restant fan de oplaach by de útjouwer nei dy syn oardiel tsjin de fêststelde priis ûnferkeapber is, hat de útjouwer it foech om de priis fan it wurk te ferleegjen. De auteur krijt dan it persintaazje fan de royalty as bedoeld yn kêst 10, berekkene oer de ferlege priis.

 

2. Yn it gefal lykas yn it foarrige lid bedoeld, hat de útjouwer tagelyk it foech om de priis fan it wurk op te heffen en it restant fan de oplaach yn de foarm fan in partij yn ien kear oan in opkeaper of yn de foarm fan âld papier of oars fan ’e hân te dwaan. De auteur krijt dan it persintaazje fan de oanfangsroyalty oer it bedrach frij fan BTW dat troch de útjouwer krigen wurdt, of it moast wêze dat dy opbringst ûnder de kostpriis bleaun is.

 

3. Yn de yn de lidden 1 en 2 neamde gefallen is de útjouwer ferplicht om de auteur fan syn foarnimmen op de hichte te bringen en him foar de doer fan in termyn fan fjouwer wiken yn de gelegenheid te stellen yn it gefal fan lid 1 in troch de auteur te bepalen oantal eksimplaren fan it wurk tsjin de ferlege priis te keapjen, of, yn it gefal fan lid 2, it restant fan de foarried oer te nimmen tsjin de priis dy’t in opkeaper ree is dêrfoar te beteljen.

 

Kêst 17 Rjochtsferhâlding nei beëindiging

 

Yn alle gevallen dat dizze oerienkomst einiget, bliuwt dy de rjochtsferhâlding tusken partijen behearskjen yn gefal fan mannichfâldiging en/of iepenbiermakking fan it hiele wurk of in part fan it wurk troch tredden dêr’t gebrûk by makke is c.q. wurdt fan de troch de útjouwer yn it ferkear brochte útjefte. Boppedat bliuwt dizze oerienkomst dy rjochtsferhâlding behearskjen foar safier’t dat foar it ôfwikkeljen dêrfan needsaaklik is. Partijen sluten dêrby oan by kêst 6:265 BW cf. kêst 15 lid 2.

 

Kêst 18 Wiziging

 

Mei it sluten fan dizze oerienkomst ferfalle eardere, mûnlinge of skriftlike, ôfspraken. Lettere wizigingen fan dizze oerienkomst binne allinne fan krêft as it skriftlike fêstlizzen dêrfan troch beide partijen ûnderskreaun is.

 

Kêst 19 Adreswiziging

 

De auteur ferplichtet him om fan syn adreswiziging(en) fuortendaliks skriftlik meidieling te dwaan oan de útjouwer. Yn gefal de útjouwer him skriftlik ta de auteur keare moat, is er desjarzjearre wannear’t er dat docht oan it lêste adres dat de auteur him skriftlik meidield hat.

 

Kêst 20 Nederlânsk rjocht

 

Op de fêststelling en útfiering fan dizze oerienkomst is inkeld en allinne it Nederlânske rjocht fan tapassing.

 

Kêst 21 Skeel

 

Partijen sille, of it moast wêze dat hja oars oerienkomme, skeel oangeande dizze oerienkomst foarlizze oan de befoege rjochter of, yn skeel lykas bedoeld yn de Wet Auteurskontrakterjocht (2015) as beide partijen dêrfoar kieze, de Geschillencommissie Auteursrecht.

 

Kêst 22 Gjin privaatrjochtlike tsjinstbetrekking

 

Dizze oerienkomst liedt net ta de ferplichting om leanheffingen ôf te dragen of te foldwaan, om’t wurken oerienkomstich dizze oerienkomst net liede ta in (fiktive) tsjinstbetrekking tusken opdrachtjouwer en opdrachtnimmer. De beoardieling fan dizze oerienkomst troch de Belestingtsjinst hat syn beslach krigen op 7 juny 2016 ûnder nûmer 91016.34914.1.0.B.

 

(opsje) Bysûndere Bepaling(en) en eventuele wizigingen yn de oarspronklike tekst

 

 

Sa oerienkommen en tekene yn … eksimplaren, dêr’t … eksimplaren fan jûn binne oan de útjouwer en … oan de auteur,

 

yn …

 

d.d. …

 

 

De auteur: …

 

 

De útjouwer: …

 

 

 

N.B.: De kursyf printe sinsdielen yn de kêsten 1, 3 en 10 binne alternative mooglikheden dy’t troch partijen al neffens de makke ôfspraken weihelle of ynfolle wurde moatte.

 

 

 

 

 

Taljochting fan LUG en Auteursbond by it Modelkontrakt foar de útjefte fan oarspronklik Nederlânsktalich literêr wurk

 

Ynlieding

Dizze oanpaste ferzje d.d. 15 juni 2021 fan de ferzje dy’t op 6 july 2011 yngie fan it Modelkontrakt foar de útjefte fan oarspronklik Nederlânsktalich literêr wurk is opsteld troch de Literaire Uitgeversgroep (LUG) fan de feriening Groep Algemene Uitgevers (GAU) oan ’e iene kant en de Auteursbond oan ’e oare kant.

 

Utgongspunten

 

De útgongspunten foar in útjou-oerienkomst dy’t as model tsjinje kin foar Nederlânske skriuwers en útjouwers, binne de ôfrûne sechstich jier net wêzentlik feroare. Foar in ynlieding op dit Modelkontrakt kin dêrom noch hieltyd útgien wurde fan itjinge yn 1961 yn ’e earste mienskiplike rjochtline as begjinsels beskôge waarden:

a. De betrekking tusken in auteur en in útjouwer is net allinnich in saaklike ferhâlding, dochs tagelyk in fertrouwensrelaasje. De útjou-oerienkomst is op himsels net foldwaande. Partijen moatte de oan dy betrekking ûnskiedber ferbûne problematyk boppedat mei begryp foar de driuwfearren en eachmerken fan de partner te oanpakke, soks op in manier dy’t it geastesprodukt fan de auteur weardich is.

b. De auteur lit de materiële fersoarging en de ferhanneling fan syn wurk oer oan de útjouwer. De útjouwer hâldt de auteur op ’e hichte fan al wat foar him fan belang kin wêze en hâldt mei him safolle mooglik rie.

c. Partijen hechtsje de grutst mooglike wearde oan in sekuere, transparante en folsleine ferantwurding fan de útjouwer oan de auteur oangeande de posysje en ferkeapresultaten fan syn wurk.

d. De auteur moat de útjouwer oangeande de fersoarging fan de kopij, de korreksje yn de printkladden en de oanpassing fan de tekst yn ferbân mei in werprintinge, safolle mooglik meiwurking jaan. Beide partijen hawwe belang by in sa hânsum mooglik ferinnende produksje en by it syn beslach krijen fan in sa goed mooglik fersoarge útjefte.

 

Oanpassing op 15 juny 2021

 

Hawwe dy útgongspunten har net yngeand feroare, de praktyk fan it literêre útjouwerijbedriuw hat him wis wol fierder ûntjûn sûnt de opstelling fan de eardere modelkontrakten fan 1973, 1987, 1996, 2002, 2004 en 2011. It Modelkontrakt, dat in ôfspegeling wêze wol fan wat by de eksploitaasje fan literêre wurken algemien as winsklik en gongber ûnderfûn wurdt, moat om dy reden no en dan oanpast wurde. Oanlieding foar de oanpassing fan 2021 foarmet ûnder oare de erkenning fan de online ta beskikking stelling as primêre eksploitaasjefoarm en it harkboek. Dêrby moatte oan ’e iene kant de auteursrjochtlike en finansjele posysje fan de auteur garandearre bliuwe, wylst oan ’e oare kant de oan de útjouwer takende eksploitaasjemooglikheden op de aktuele tastân ôfstimd wurde moatte. It Modelkontrakt berêst op in detaillearre afwaging fan sa’n soarte, dy’t resultearre hat yn in woegen trochsneed tusken winsken en rjochten fan auteurs en fan útjouwers, nei wiidweidich berie tusken de LUG en de Auteursbond.

Utjouwers ferklearje ree te wêze foar alle nije foarmen fan eksploitaasje, ek dy dy’t no noch net neamd binne, troch de wei fan de ôfspraken yn dit kontrakt mar ek yn de takomst om in binlike fergoeding/fair share oan te bieden oan de auteur. Utjouwers binne ree dêrta iepenens fan saken te jaan oangeande de hichte fan de ynkomsten lykas ek formulearre yn de Auteurswet oangeande transparantens.

 

Op 15 juny 2021 is in oanpaste ferzje fan it Modelkontrakt ferskynd dêr’t de definysje fan it e-boek yn ferbrede is nei ‘online ta beskikking stellen’. Ek it harkboek is spesifyk as eksploitaasjefoarm taheakke. Neist dat ferbreedzjen fan de primêre eksploitaasje is der no ek in ienfâldige manier opnommen om it kontrakt te beëinigjen by ûnfoldwaande eksploitaasje-ynkomsten. Dêrby binne der ôfspraken makke oer in transparante royalty-ferslachlizzing yn it digitale domein en wurde de ferkeapen oan België regulier ôfrekkene foar auteurs dy’t yn België wenje.

 

Wurkingssfear

 

It Modelkontrakt foar de útjefte fan oarspronklik Nederlânsktalich [Frysktalich] literêr wurk is by útstek ûntwurpen foar it regeljen fan de ferhâlding tusken in auteur fan in literêr wurk en syn útjouwer. Under literêr moatte jo yn dit ferbân ferstean bellettry, dat wol sizze skeppend proaza en beskôgjend proaza (lykas in essay) en poëzy. Jo kinne it kontrakt lykwols ek bûten it alhielendal literêre domein brûke. It heechweardich karakter fan in boek kin dêrta oanlieding jaan. Mar yn it algemien stiet it útjouwer en auteur frij om foar sok wurk yndividuele of oanfoljende ôfspraken te meitsjen. Lykwols, foar krekt literêr wurk beskôgje de opstellers dit Modelkontrakt as normatyf, dat wol sizze dat LUG en Auteursbond de hjiryn beskreaune rjochten en ferplichtingen en de yn de taljochting neamde noarmen foar honorearring beskôgje as gongber en ridlik.

De namme ‘Modelkontrakt’ jout tagelyk oan dat partijen yn in yndividueel gefal beskate kêsten skrasse of ferfange kinne. Hja sille dat wol yn dizze oerienkomst spesifyk oantsjutte by de bysûndere bepalingen. Oer it hielal binne de opstellers lykwols fan betinken dat dit Modelkontrakt in sa folslein en dochs sa koart mooglike regeling biedt. Dêr’t dat nedich wa’t waard in spesjale oerwaging of ferdúdliking yn de by it Modelkontrakt hearrend taljochting opnommen.

De saaklike ynhâld fan de taljochting moat as in ûnderdiel fan dit Modelkontrakt beskôge wurde.

De LUG en de Auteursbond binne fan betinken dat in auteur derop betrouwe kinne moat dat it oanbeane kontrakt mei de namme LUG/Auteursbond-Modelkontrakt identyk is oan de troch LUG en Auteursbond fêststelde ferzje. Yn it gefal dat de útjouwer en/of auteur wizigingen yn it LUG/Auteursbond-Modelkontrakt oanbringt, of betingsten skrast of taheakket, mei de útjouwer foar syn oanpaste ferzje net de titel LUG/Auteursbond-Modelkontrakt drage, of it moast wêze dat de troch de útjouwer en/of de auteur oanbrochte oanpassingen as sadanich werkenber binne (sjoch boppe).

It Modelkontrakt is te krijen by LUG en Auteursbond en is ek pleatst op de webside fan de Groep Algemene Uitgevers www.algemene-uitgevers.nl en op de webside fan de Auteursbond www.auteursbond.nl.

De LUG en Auteursbond realisearje har dat de (technologyske) ûntjouwingen sa hurd gean, dat der geregeldwei oerlein wurde moat.

 

Taljochting fan de kêsten ien foar ien

 

Ad partijen Utjouwer

Trochstrings kontraktearret de útjouwer as rjochtspersoan, itjinge betsjut dat de rjochten en plichten har beheine ta dy rjochtspersoan.

 

Ad kêst 1 Grutte eksklusive lisinsje

Yn kêst 1 wurdt de grutte fan de lisinsje omskreaun. Yn lid 3 wurdt de saneamde primêre eksploitaasje troch de útjouwer oantsjut, de útjefte yn boekfoarm, harkboek en e-boekfoarm. Dêrnei wurdt in grut oantal fan de boekfoarm ôflate eksploitaasjefoarmen (ek wol sekundêre eksploitaasje of ‘njonkenrjochten’ neamd) beskreaun. Dêrby is in trijedieling oanbrocht.

 

Trijedieling

Yn lid 5 wurdt beskreaun hokker rjochten oft de útjouwer yn begjinsel selsstannich útoefenet, mei útsûndering fan ridlike beswieren fan de auteur. Yn lid 6 komme de rjochten oan de oarder dy’t de útjouwer allyksa selsstannich útoefenet, mar allinnich mei skriftlike tastimming fan de auteur. Yn lid 7 wurdt omtinken jûn oan de eksploitaasje fan de rjochten lâns kollektive wei. De stelde neiere betingsten oan it útoefenjen fan dy rjochten jilde ûnfermindere it eksklusive jaan fan dy rjochten fan de auteur oan de útjouwer.

De auteur dy’t, yn ôfwiking fan de gongbere praktyk, ien of mear fan de yn de lidden 5 of 6 neamde rjochten sels eksploitearje wol, moat dy trochstreekje litte yn de oerienkomst en/of yn of by dizze oerienkomst in oare regeling treffe. Fan wetlike bepalingen kin út soarte ek yn dizze oerienkomst net ôfwykt wurde.

 

Ynformaasjeplicht útjouwer

De auteur wurdt as dat mooglik is foarôfgeand oan it meitsjen fan ôfspraken mei tredden ynformearre troch de útjouwer. Hy hat rjocht op it besjen fan dy ôfspraken en krijt as it winske wurdt ôfskriften as de ôfspraken yn skriftlike foarm makke binne.

 

Yllustraasjes

Lid 1. Foar it gefal dat in útjefte fan it wurk foarsjoen wurdt fan yllustraasjes is in opsjonele bepaling opnommen. Yn dat gefal moat yn in oanfoljende bepaling fêstlein wurde wa’t foar it opnimmen fan de yllustraasjes ferantwurdlik is foar tredden oer en moatte der ôfspraken oer de kosten makke wurde. Yn gefal fan foto’s moat rekken holden wurde mei rjochten fan de fotograaf, en ek mei mooglike auteursrjochtlike oanspraken fan oaren op it objekt fan de foto, lykas op in ôfbylde keunstwurk, de komposysje of op in ôfbylde portret.

In oar wichtich oandachtspunt is in ôfspraak oer it materiële eigendom fan it materiaal. In foarbyld fan in op fotomateriaal tasnijde frijwarringsklausule is:

‘De auteur/de útjouwer ferklearret hjirmei dat publikaasje fan de troch him levere yllustraasje(s) gjin ynbrek makket op it auteursrjocht of hokfoar oar rjocht fan in tredde en, foar safier’t de yllustraasjes út ien of mear portretten bestean, dat tastimming fan de geportrettearre(n), foar safier’t wetlik fereaske, jûn is. As de auteur net de fereaske tastimming fan in tredde krigen hat, sil de auteur dat by levering oan de útjouwer skriftlik te witten dwaan en ferbynt er him om de feiten te utinoar te setten dy’t fan belang wêze kinne om te beoardieljen of tastimming noch fereaske is.’

 

Lid 3. Mei ‘boekfoarm’ wurdt doeld op alle útjeften yn printe foarm.

Mei e-boek wurdt bedoeld in digitaal bestân dat de ynhâld fan in wurk befettet, al of net ferrykt, en dat oan de lêzer ta beskikking steld wurdt troch de wei fan in lisinsje op it lêzen fan it wurk, al of net nei it downloaden fan it wurk op in dêrfoar geskikt apparaat. It ôfsluten fan de lisinsje kin dan sjoen wurde as it rjochtmjittich krijen fan in e-boek. Under it útjaan fan it wurk yn e-boekfoarm wurdt ek ferstien it online (op ynternet en/of hokfoar oar platfoarm of mobyl netwurk) ta beskikking stellen fan it wurk yn e-boekfoarm en/of hokfoar oare digitale foarm, en dêrûnder dus begrepen beskikberstelling as download, fia streaming en/of ferhier.

Ferriking fan it wurk kin allinnich nei foarôfgeande tastimming fan de auteur. De njonkenrjochten lykas neamd yn kêst 1 moatte oanmerkt wurde as ferrikingen.

Mei in harkboek wurdt bedoeld in troch in of mear stimmen ynsprutsen werjefte fan it folsleine wurk dêr’t net sûnder foarôfgeande tastimming fan de auteur yn ôfwykt wurde mei.

 

Opbringsteferdieling by eksploitaasje troch de útjouwer

 

Lid 4. Yn gefal de útjouwer in yn kêst 1 lidden 5 of 6 neamd rjocht útoefenje wol en dêroer noch gjin neiere ôfspraken makke hat mei de auteur, sil de útjouwer him hâlde moatte oan de neiere betingsten fan de lidden 5 en 6 oangeande de ynformaasjeplicht en ynstimming fan de auteur. Yn dat gefal sil der in royaltypersintaazje fêststeld wurde moatte. It útgongspunt dêrfoar is in 50/50-ferpartsjen fan de ferwachte netto-opbringst. Dy netto-opbringst wurdt raamd op basis fan ferwachte omset ûnder ôftrek fan de kosten fan redaksje, produksje, marketing en distribúsje dy’t makke wurde moatte om dy omset te ferwerklikjen. Dy ferwachte netto-opbringst wurdt dêrnei weromlaat nei in royaltypersintaazje fan de ferkeap- of lisinsjepriis fan de oanbelangjende publikaasje of tsjinst. LUG en Auteursbond binne foarstanner fan in sa’n honorearringsfoarm by eksploitaasje troch de útjouwer, om’t de kontrôle foar de auteur ienfâldiger is en net oanhâldend oer de tarekkening fan kosten net oerlein hoecht te wurden.

Yn gefal in tredde ynskeakele wurdt, dy’t inkeld en allinne te beskôgjen is as tuskenhannel of yntermediêr (bygelyks in bedriuw dat in digital rights management (DRM) systeem ûnderhâldt foar de eksploitaasje fan elektroanyske útjeften), bliuwt de útjouwer feitlik dejinge dy’t it eksploitaasjerisiko draacht en is niisneamd útgongspunt dêrop ek fan tapassing.

As auteur en útjouwer de eksploitaasje troch de útjouwer foarsjoen hawwe, binne dêroer al royaltyôfspraken makke yn kêst 10 of oars en jilde de dêrby makke betingsten.

 

Opbringstferdieling by eksploitaasje troch in oare útjouwer of platfoarm

Wannear’t de útjouwer mei it acht slaan fan de yn dit kêst neamde betingsten mei út namme fan de auteur it eksploitaasjerjocht oan in tredde (trochstrings in oare útjouwer of platfoarm) jout, draacht dy tredde it eksploitaasjerisiko. LUG en Auteursbond beskôgje it neikommende ferpartsjen fan de troch de útjouwer foar dy eksploitaasje fan dy tredde krigen jilden (eksklusyf BTW) as noarm, dêr’t net yn it neidiel fan de auteur fan ôfwykt wurde mei: 60% foar de auteur en 40% foar de útjouwer. Dat in tredde it eksploitaasjerisiko draacht en oan it oarspronklike wurk in nije wearde taheakket, rjochtfeardiget nei it ynsjoch fan de opstellers fan it Modelkontrakt dat it oanpart fan de auteur swierder woegen wurde mei as it oanpart fan de útjouwer. It oanpart fan de útjouwer is in kompinsaasje foar syn oanpart yn it feit dat de útjefte fan it wurk syn beslach krijt, dêr’t de eksploitaasje fan ôflaat is, en ek foar syn kosten en warberens om dy opbringst te befoarderjen en te ferwerklikjen.

De útjouwer bepaalt hokker kosten oft er ridlik en needsaaklik achtet foar de (mooglike) eksploitaasje.

Wannear’t auteur en útjouwer yn oerlis mei inoar beslute ta it ynskeakeljen fan in agint, foar beskate foarmen fan eksploitaasje foar ien of mear wurken fan de auteur, is it ridlik dat de kosten dy’t dêrmei mank gean earst op de bruto opbringst yn mindering komme, foar’t dy op 60/40 basis tusken auteur en útjouwer ferparte wurde.

N.B. By in ferliking fan ide ferdlieling oer de bruto-opbringst mei mooglik yn it ferline oerienkommen ferdielingen fan opbringsten út ‘njonkenrjochten’ moat rekken holden wurde mei it feit dat faak in ferdieling makke waard fan de netto-opbringst, dêr’t de útjouwer dus earst syn kosten by ôfluts.

 

Lid 5 sub a. Hjirûnder falt allinnich de skreaune tekst (en eventueel bylevere yllustraasjes). Harkboeken falle hjir net ûnder.

 

Noarmen foar ûnderwiispublikaasjes

Lid 5 sub b. Under beskate betingsten (kêst 16 Auteurswet) is it tastien om tsjin beteljen fan in binlike fergoeding koarte wurken of koarte parten fan wurken oer te nimme yn ûnderwiispublikaasjes. De Stifting UvO hat mei de universiteiten en de ynstellingen fan heger beropsûnderwiis in dêrop basearre regeling troffen foar it oernimmen yn ûnderwiisbondels (readers).

 

Lisinsje-útjefte

Lid 6 sub d. De útjouwer sil by syn fersyk oan de auteur om tastimming foar in aparte lisinsje-útjefte oantsjutte oft de lisinsje beheind wurdt yn doer of oplaach. Foar ferlingjen fan de doer of ferheging fan de oplaach sil opnij oerlein wurde mei de mei de auteur.

 

Rjochten en fergoedingsoanspraken fia Stifting Lira

Lid 7. Stifting Lira beheart kollektyf auteursrjochten en fergoedingsoanspraken fan skriuwers, sjoernalisten en oersetters. Fan de eksklusive lisinsje dy’t troch de wei fan dizze oerienkomst oan de útjouwer jûn wurdt binne útsletten de rjochten en fergoedingsoanspraken dy’t kollektyf troch Lira útoefene wurde út namme fan auteurs. It giet dêrby om de rjochten en fergoedingsoanspraken lykas opnommen yn it Lira Aansluitingscontract 2021 (https://www.lira.nl/aansluiten), lykas ûnderskreaun troch de Mediafederatie as ûnderdiel fan de ôfspraken tusken de Mediafederatie, Auteursbond, NVJ en Lira. As de auteur lid is fan of oansletten is by in oare kollektive tafersjochorganisaasje as Lira, dy’t ien of mear fan de yn lid 5 of 6 neamde eksploitaasjerjochten al út namme fan him útoefenet, dan moat de auteur dat foar it ôfsluten fan dizze oerienkomst skriftlik berjochtsje oan de útjouwer.

 

De troch Stifting Lira behearde fergoedingsoanspraken omfetsje Reprorecht, Leenrecht en Thuiskopie.

 

Reprorecht

De Stifting Reprorecht is troch de wetjouwer oanwiisd as it eksklusyf ynbarrens- en repartysjeorgaan foar de fergoedingen dy’t Nederlânske ynstellingen betelje moatte foar it foar eigen gebrûk ûnder neiere betingsten tastiene fotokopiearjen út krêft fan kêst 16b Auteurswet, auteurs krije de fergoedingen folgjend út dy regeling fia Lira.

 

Leenrecht

De Stifting Leenrecht is troch de wetjouwer oanwiisd as it eksklusyf ynbarrens- en repartysjeorgaan foar de fergoedingen dy’t bibleteken betelje moatte foar it útlienen fan wurken. De repartysje fan dy jilden krijt syn beslach neffens it repartysjereglemint fan de Stifting Leenrecht. Auteurs krije de fergoedingen folgjend út dizze regeling fia Lira.

 

It oerienkommen auteurspart (dêrby ynbegrepen yllustrators) bedraacht 70%.

Foar e-boeken dy’t útliend wurde troch de KB binne bysûndere ôfspraken makke, dy’t opnommen binne yn it saneamde e-boek convenant en dy’t publisearre binne yn it Staatsblad (https://zoek.officielebekendmakingen.nl/stcrt-2018-59302.html). Ynkomsten folgjend út dy oerienkomst sille foar de tekstauteur fia Lira útbetelle wurde, en foar in byldauteur fia Pictoright. De fergoeding dy’t oan de útjouwer betelle wurdt ken dus gjin auteurspart mear dêr’t de auteur oanspraken op meitsje kin.

 

Thuiskopie

De Stifting Thuiskopy is troch de wetjouwer oanwiisd om alle thúskopyfergoedingen te ynkassearjen en te ferdielen konform kêst 16d Auteurswet. De thúskopyfergoeding is in kompinsaasje (foar in part) foar de ynkomsten dy’t rjochthawwers misrinne trochdat har wurk kopiearre wurdt. Stifting Lira betellet de jilden foar tekstauteurs dêrfan út.

 

Opsje op ûnfoarsjoene eksploitaasjefoarmen

Lid 8. Oer nije, op it stuit fan it sluten fan it kontrakt noch net foarsjoene eksploitaasjefoarmen basearre op de útjefte fan it wurk, moatte tusken útjouwer en auteur neiere ôfspraken makke wurde. De útjouwer krijt fan de auteur it earste rjocht om dy eksploitaasje by de hân te fetsjen.

 

Beëiniging

Lid 9. In ridlike grûn ta beëiniging kin wêze dat de auteur konkrete oanwizingen hat dat in tredde in rjocht eksploitearje wol, wylst de útjouwer gjin goede reden hat om dêr net op yn te gean en ek gjin ridlik alternatyf biedt. Auteur en útjouwer kinne yn oerlis ek beslute it oparbeidzjen foar de oanbelangjende rjochten fuort te setten, mar dan op net eksklusive basis. Wannear’t dan de útjouwer it eksploitaasjeresultaat ferwerkliket, jildt de ferdieling lykas akkoarte en as dat troch de auteur folfierd, jildt it bepaalde yn lid 9.

Wannear’t auteur én útjouwer it foech hawwe om regelingen mei tredden te treffen, moatte goede ôfspraken makke wurde oer taakferdieling en ynformaasje-útwikseling. Wannear’t de auteur de lisinsje fan in eksploitaasjerjocht oan de útjouwer beëinige hat en dat rjocht dêrnei sels of mei in oar eksploitearje sil, hâldt de útjouwer in oanpart yn mooglike takomstige opbringst wûn troch de auteur of in tredde. It oanpart fan de útjouwer wurdt yn dat gefal steld op de helte fan dy syn oanpart dat yn ’t earstoan oerienkommen is om’t de útjouwer ommers gjin kosten mear hoecht te meitsjen of ynspanningen hoecht te leverjen om de eksploitaasje fan it oanbelangjende rjocht te befoarderjen of te ferwerklikjen.

De útjouwer hâldt syn rjocht op dat oanpart bliuwend om’t it oanbelangjende eksploitaasjeresultaat der mei op basearre is dat de útjefte fan it wurk mei troch de útjouwer syn beslach krige.

 

Ad kêst 3 Ynleverjen parsereeë kopij

 

Lid 2. De húsregels foar de fersoarging fan de yn te leverjen kopij moatte sa gau mooglik oan de auteur oerjûn wurde, op syn lêst as bylage by dizze oerienkomst.

 

Redigearjen

Lid 3. Under redigearjen ferstiet men it yn behoarlike foarm bringe fan in skreaune tekst. Oandachtspunten by it redigearjen kinne ûnder mear wêze: styl, komposysje en tekststruktuer. Redigearjen grypt dêrom sterker op in tekst yn as it saneamde parseklearmeitsjen, dêr’t yn de manuskriptfaze ienfâldige taal- en typografysk-technyske ferbetteringen by oanbrocht wurde op it stik fan lekken en brekken yn stavering, ynterpunksje, ûnderstreekjen, ensf.

It giet by redigearjen om in sinjifikante ferbettering fan it troch de auteur skreaune wurk. Omdat by it redigearjen de persoanlikheidsrjochten fan de auteur oan ’e oarder wêze kinne, moat der oerlis tusken útjouwer en auteur komme.

Redigearjen heart ta de taak fan de útjouwer as er ta útjefte besluit, mar it kin wêze dat in manuskript sa sloardich of breklik is, dat yn soksoarte útsûnderlike gefallen de útjouwer de mooglikheid hawwe wol om it manuskript om dy reden ôf te wizen, oftewol oermjittige redigearkosten yn rekken te bringen by de auteur. De mooglikheid fan de útjouwer om redigearkosten op de auteur te ferheljen is ferbûn oan de gongbere tariven foar redaksjewurk dy’t út de praktyk bliken diene, dy’t berekkene wurde itsij op basis fan in taryf de 1.000 wurden itsij op basis fan in oeretaryf.

 

Ad kêst 5 Oplaach en priis

 

Lid 1. Allinnich foar fysike boeken jildt de Wet fêste boekepriis dêr’t de útjouwer mei ferplicht is om in ferkeappriis fêst te stellen. Dy priis stiet fêst foar minimaal seis moannen nei ferskinen. Foar alle oare foarmen fan ferskining jildt dat net. Dêrfoar jilde bygelyks advysprizen of ynkeapprizen. Dy kinne mear regulier oanpast wurde foar bygelyks aksjes ensf.

 

Ad kêst 5 Net foar de ferkeap bestimde eksimplaren

 

Lid 2. As foarbylden fan net foar de ferkeap bestimde eksimplaren kinne neamd wurde: presinteksimplaren, eksimplaren foar besprek-, subsydzje- en ferkeapfuortsterkjende doelen, ynstjoeringen foar in literêre priis en eksimplaren bestimd foar it argyf. It oantal net foar de ferkeap bestimde eksimplaren wurdt troch de útjouwer fan gefal ta gefal nei ridlikheid fêststeld.

 

Ad kêst 6 Eksploitaasje

 

Lid 1. Partijen moatte safolle mooglik oerlizze en inoar rieplachtsje oer de foarmjouwing fan in publikaasje. Dat jildt ek foar de kar fan de stim en format (single of mear stimmen) by publikaasje fan in harkboek. It lêste wurd oer de kwestje moat lykwols takend oan de útjouwer, omdat dy it grutste part fan it risiko fan de publikaasje draacht.

 

Promosjonele aktiviteiten

Lid 2. De ynspanningsferplichting fan de útjouwer om de kontinuïteit fan de eksploitaasje fan it wurk te fuort te sterkjen kin ûnder mear syn beslach krije troch it op ’e hichte stellen fan de boekhannel, it ferstjoeren fan besprekeksimplaren, it advertearjen yn eigen publikaasjes en promosjoneel ûnderstypjen op de webside fan de útjouwer, en ek it as it mooglik is advertearjen yn media fan tredden of oare promosjonele aktiviteiten en it yn print en/of yn elektroanyske foarm beskikber hâlden fan it wurk.

Foar promosjonele doelen kinne de auteur likegoed as de útjouwer yn oerlis mei-inoar in koart part fan it wurk op ynternet publisearje. Foar de grutte fan it koarte part hawwe LUG en Auteursbond oansluting socht by de noarmen út de Regeling Bloemlezingen.

 

Copyright notice ©

Lid 5. Al beskikt de útjouwer út krêft fan it útjeftekontrakt eksklusyf oer in oantal foarmen fan auteursrjochtlik foech, it neamen fan it copyright moat op namme fan de auteur, omdat it auteursrjocht by him berêsten bliuwt. De oantsjutting fan de auteur kin ek barre troch it neamen fan syn pseudonym as de auteur dat wol.

 

Ad kêst 7 Auteurseksimplaren

 

It is gebrûklik dat in auteur by it ferskinen fan it wurk yn boekfoarm 20 eksimplaren fergees krijt en by alle werprintingen 5 eksimplaren. Op grûn fan bysûndere omstannichheden kinne útjouwer en auteur beslute dêrfan ôf te wiken. De útjouwer sil de auteur op fersyk in eksimplaar fan it e-boek en it harkboek oerlangje.

 

Ad kêst 10 Honorarium

 

Lid 1. LUG en Auteursbond beskôgje de neikommende persintaazjes as noarm, dêr’t net yn it neidiel fan de auteur fan ôfwykt wurde mei:

 

Foar paperback en/of bûne útjeften in royalty fan:

1 oant en mei 4000 ferkochte eksimplaren: 10 %;

4001 oant en mei 10.000 ferkochte eksimplaren:12,5 %;

10.001 oant en mei 100.000 ferkochte eksimplaren: 15 %;

 

mear as 100.000 ferkochte eksimplaren: 17,5 %, of it moast wêze dat it giet om in werprintinge fan 1500 of minder eksimplaren, en yn dat gefal bliuwt it persintaazje 15.

 

Foar in ‘mid priced’ útjefte in royalty fan:

1 oant en mei 3000 ferkochte eksimplaren: 9 %;

3001 oant en mei 50.000 ferkochte eksimplaren: 10 %;

mear as 50.000 ferkochte eksimplaren: 12,5 %.

N.B.. ûnder in ‘mid priced’ útjefte wurdt ferstien in werprintinge yn in nije útfiering mei in dúdlik legere priis, posisjonearre yn it saneamde ‘mid priced merksegmint’ tusken de bûne útjefte en kwaliteitspaperback oan ’e iene kant en de pocket oan ’e oare.

 

Foar de útjefte yn pocketfoarm in royalty fan:

1 oant en mei 30.000 ferkochte eksimplaren: 8 %;

mear as 30.000 ferkochte eksimplaren: 10 %.

foar de útjefte as harkboek op in fysike drager: 10 % fan de netto opbringst

 

Foar e-boek útjeften en harkboeken yn lisinsje:

Foar alle jûne lisinsjes 25 % fan de netto-opbringst. Under netto-opbringst wurdt ferstien it bedrach dat de útjouwer krijt fan de tuskenhannel, fermindere mei de BTW. Dat bedrach sil wannear’t it in yndividuele download oangiet yn ’e regel syn beslach krije op basis fan de troch de útjouwer hantearre advyspriis minus de mei de tuskenhannel akkoarte koarting en is ûnôfhinklik fan de úteinlik troch de ferkeaper hantearre ferkeappriis.

Yn gefal fan streamingopbringsten krijt yn ’e regel de netto-opbringst syn beslach troch in ferpartsjen fan de abonnemintsjilden nei rato fan it oantal titels dat lêzen of beharke is binnen in beskaat tiidrek, nei ôftrek fan BTW en de koarting foar de tuskenhannel. Konkreet betsjut dat dat de ynkomsten-mei-inoar (de som fan krigen abonnemintsjilden eksklusyf BTW) dield wurde troch it gebrûk-mei-inoar (de som fan de lêzen/beharkde tiid yn fêste tiidsienheden fan in minút of in oantal minuten). De útkomst dêrfan is in bedrach de tiidsienheid. It echte oantal tiidsienheden dat in boek lêzen/beharke is wurdt troch de abonnemintstsjinst byholden, en mannichfâldige mei dat bedrach. Dat foarmet dan de opbringst fan it boek dat de basis foarmet foar de ôfrekkening. De útjouwer sil safolle mooglik transparantens betrachtsje oangeande de bedriuwsfiering foar safier’t dy slacht op de e-boekútjefte en it harkboek.

 

De útjouwer sil foarôfgeand oan in ‘mid priced’ of pocket útjefte oan de auteur meidiele wat de oplaach wêze sil en wat syn belied dat oangeande is en sil dêroer as it winske wurdt mei de auteur oerlizze.

As de útjouwer in útjefte, dy’t net foldocht oan de kritearia dy’t steld binne yn dizze taljochting by lid 1 oangeande in ‘mid priced’ útjefte, as in ‘mid priced’ útjefte útjout, moatte de royalty’s foar paperback en/of bûne útjeften hantearre wurde en wurdt oangeande de bepaling fan it oantal ferkochte oantallen trochteld yn ferliking mei de al ferkochte eksimplaren fan de paperback en/of bûne útjeften.

 

Lid 2. De royaltypersintaazjes binne ferbûn oan de troch de útjouwer offisjeel fêstleine ferkeappriis fan it boek eksklusyf BTW, mei útsûndering fan e-boeken en harkboeken dêr’t inkeld mar in advyspriis of ynkeappriis foar jildt. Dy relaasje is ûnskiedber ferbûn mei it bestean fan it systeem fan de fêste boekepriis.

De útjouwer biedt de auteur op transparante manier ynsjoch yn de berekkening fan de netto-opbringst. By de netto-opbringst wurde mooglike ynkomsten út advertinsjes opnommen, as it platfoarm de opbringsten fan advertinsjes mei te’n goede lit komme oan de útjouwers.

 

Boekenclub

Lid 3. De troch útjouwers jûne koarting by levering oan in boekenclub leit trochstrings substansjeel heger as by levering oan de boekhannel. It honorarium foar de auteur sil, yn it gefal dat in útjefte fan syn wurk oan in boekeklub levere wurdt, yn ’e regel dan ek net op itselde nivo beholden wurde kinne wurde as gebrûklik by ferkeap troch de boekhannel. Utgongspunten foar it honorarium foar oan in boekeklub levere eksimplaren, binne: 1 oant en mei 5.000 levere eksimplaren: 5 % fan de ledenpriis; 5001 en mear levere eksimplaren: 10 % fan de ledenpriis. Mei tastimming fan wjerskanten kin dêrfan ôfwykt wurde as bliken docht dat dy betingsten neidielich binne foar de eksploitaasje. Op grûn fan de Wet fêste boekepriis jildt as haadregel dat in boekeklub in boek fjouwer moannen nei ferskining tsjin in ledepriis aanbiede mei. De auteur kin mei de útjouwer in langere perioade oerienkomme.

 

Flaanderen/België

Lid 4 by levering oan België kin yn gefal fan hegere koartingen en distribúsjekosten in honorarium berekkene wurde fan 12,5 % oant 4.000 eksimplaren en 15 % dêrboppe, berekkene oer de netto-opbringst.

Yn gefal fan leveringen oan België foar safier’t de auteur yn België wennet, sil it royalty-taryf foar alle útjeftes jilde konform kêst 10 lid 1.

 

Addisjonele ferkeapkanalen

Lid. 5. Foar eksimplaren dy’t mei in koarting fan 55 % of mear fan de ferkeappriis levere wurde en dêr’t tagelyk sprake by is fan levering lâns addisjonele ferkeapkanalen, jildt in gebrûklik honorarium fan 10 %, berekkene oer de netto-opbringst. Dy regeling slacht net op levering oan reguliere ferkeapkanalen yn Nederlân, lykas de boekhannel.

Foar in boekenclub jildt in aparte regeling (sjoch kêst 10 lid 3).

 

Ad kêst 11 Ofrekkening

 

Lid 1. Inkeld yn tige bysûndere gefallen kin de hjir bedoelde termyn foar it stjoeren fan in honorariumôfrekkening in perioade fan fjouwer moannen nei ôfsluting fan de boeken oergean. De regel is dus fóár 1 maaie.

 

Lid 2. De útjouwer sil by de raming fan it oantal ferkochte eksimplaren yn it earste healjier rekken hâlde mei mooglike weromstjoeringen.

 

Ad kêst 13 Werprintinge

 

Lid 2. It is foar útjouwer en auteur fan belang dat it wurk sa gau mooglik te leverjen is. De termyn dat de auteur de gelegenheid krijt om syn wurk oan te passen, moat dan ek net te rom wêze. In auteur kin ek frege wurde om eventuele werprintingekorreksjes troch te jaan oan de útjouwer noch foar’t ta in werprintinge besletten wurdt sadat dy korreksjes fluch trochfierd wurde kinne.

 

Ad kêst 15 Beëiniging / oerlis oer fuortsetting

 

Lid 1 sub c. As it wurk (noch) inkeld digitaal beskikber is, ûntslacht dat de útjouwer net fan de ynspanningsferplichting oangeande dat wurk, foar safier’t yn alle ridlikheid in sa’n ynspanningsferplichting foar in wurk dat al (in beslate tiid) ferskynd is ferwachte kin wurde.

 

Beëiniging oerienkomst om oare reden

Lid 5. Der kinne goede oare redenen wêze foar in auteur om de eksploitaasje fan syn wurk troch de útjouwer net langer fuort te setten, ek al is der gjin sprake fan ien fan de yn kêst 15 neamde redenen ta beëiniging. Der kinne ek goede redenen wêze foar de útjouwer om de eksploitaasje fan de útjefte fan it wurk, dêr’t de útjouwer ek in wichtige bydrage levere hat, fuortsette te wollen salang’t gjin fan de yn kêst 15 neamde redenen foar beëiniging him oppenearret. By dat ôfwagen sil ûnder mear tocht wurde om de ynvestearringen fan de útjouwer yn it wurk en eventuele oare wurken fan de auteur yn syn fûns, de doer fan it oparbeidzjen mei de auteur oangeande syn fûns, it ferwachte ynkomstegemis, de ‘goodwill’ fan de auteur en syn oeuvre foar it fûns en it eventuele oernimmen fan foarried. Partijen erkenne dêrby dat in ridlike termyn om bygelyks te kommen ta it ferfilmjen fan in wurk in oare is as in ridlike termyn foar it meitsjen fan in harkboek.

 

Ad kêst 17 Rjochtsferhâlding nei beëiniging

 

De oerienkomst bliuwt ek nei beëiniging fan tapassing op (wer)gebrûk fan it wurk troch tredden dêr’t gebrûk by makke wurdt fan de útjefte fan it wurk, lykas bygelyks yn gefal fan kopiearjen of útlienen.

 

Ad kêst 21 Skeelkommisje (Geschillencommissie)

 

Sjoch ek https://www.degeschillencommissie.nl/over-ons/commissies/auteurscontractenrecht/

 

Kontaktgegevens fan de yn dit modelkontrakt neamde organisaasjes:

 

Literaire Uitgeversgroep (LUG) fan de Groep Algemene Uitgevers (GAU):

Postbus 12040 1100 AA Amsterdam-Zuidoost, tillefoan (020) 4309150, e-mail:info@algemene-uitgevers.nl. N.B.: De LUG is in wurkploech binnen de GAU en de GAU is in ploechferiening fan en is húsfêste by de Mediafederatie.

De Auteursbond (vh. Vereniging fan Letterkundigen, Vereniging fan Schrijvers en Vertalers): Van Deysselhuis, De Lairessestraat 125, 1075 HH Amsterdam, tillefoan: (020) 6240803, e-mail: bureau@auteursbond.nl www.auteursbond.nl.

 

SABAM:

www.sabam.be.

 

Feriening BUMA en Stifting STEMRA: www.bumastemra.nl.

 

Stifting Leenrecht, Stifting LIRA, Stifting PRO en Stifting Reprorecht binne húsfêste by Cedar BV:, www.cedar.nl.

 

VEVAM: www.vevam.org.