Antsje Swart

Koartwei

Antsje Swart tekene as famke mei in poatleadsje portretten fan freondinnen of út it souderrútsje it Biltske flaaks dat klearlei om nei te sjen en wer nei te sjen. Mar keunstakademy siet der net yn. Jo waarden húsfrou. Jo giene mei jo poatlead troch de stikken fan jo man, dy’t skriuwer wie, al neamden jo jo net syn redakteur. Krekt folle letter kamen de stúdzjes Frânsk, Spaansk en literatuerwittenskip. Literatuerkrityske stikken ferskynden yn Ensafh en Fers2, in poëzy-oersetting kaam op Transferre en – ferrassing – in artikel oer de film Interview kaam op Theo van Gogh syn weblog.

Keunst is foar Swart de útdrukking fan de minsklike ferbyldingskrêft. Ferbylding is eat sjen dat jo no net sjogge mar ea sjoen hawwe. Dus Swart har memoires binne literêr, keunst, just om’t se subjektyf bliuwt as se seit fan “Trinus syn kammeraten wiene feitlik folle ‘leuker’: hy wie in nuverenien.” Oan objektive wierheden hat de keunst net in soad.

Neffens har leit yn hoe’t lêzers – en dêrby kritisy – ferskillend tinke oer in tekst de mooglikheid foar groei fan de keunst. Op dy manier is keunstkrityk ûnminsber yn in libbene literatuer. Ynspirearjend foar Swart as nonfiksjeskriuwer is dat jongelju, yn dizze tiid dy’t folslein bepaald wurdt troch de merk en it jild, dochs kieze foar keunst: foar it literêre skriuwen.