image De lyryske sprekker

De lyryske sprekker

Wa praat?

De lyryske sprekker, it lyrysk subjekt of de lyryske ik – faak ek in generyk ik – is de stim of persoan dy’t belêste is mei it fertellen fan de wurden fan it fers of ferhaal. De lyryske sprekker is de tekstuele ynstânsje dy’t jo de ymplisite skriuwer fan de lyryske tekst neame kinne. Wol is de lyryske sprekker geregeldwei eksplisyt oanwêzich yn dy tekst, as wurden as ‘ik’ en ‘myn’ brûkt wurde. Dochs betsjut de utering fan de lyryske sprekker yn de tradisjonele literatuerwittenskip de optochte sprekker of fiktive stim fan in gedicht of lyrysk liet. De funksje fan de lyryske sprekker is om it de skriuwer mooglik te meitsjen om syn ideeën op in mear aktive manier – oangripender – oer te bringen.

De lyrsyke sprekker is in gebrûklike literêre figuer. Oarspronklik waard de lyrykse ik ynfierd yn de literatuerwittenskip om de formele, respektivelik lyryske ik te ûnderskieden fan de werklike, respektivelik empiryske ik. Nettsjinsteande dat is de lyryske ik histoarysk lyksteld mei de identiteit van de skriuwer, mei de autentisiteit fan wat der sein wurdt en mei it ynfielich opnij belibjen fan datselde. It begryp wie is en is noch altyd hiel kontroversjeel.

De lyryske sprekker is net needsaaklikerwize de skriuwer dy’t foar himsels sprekt yn it fers of de roman. As in skriuwer soms wol nei himsels ferwiist, is dat yn de literêre keunst altyd yn de foarm fan in sprekker en net direkt. Boppedat kin in fers ien of mear lyrsyke sprekkers hawwe. De ferteller kin de sprekker wêze, of de dichter, of in taskôger dy’t fertelt fan de skriuwer en de sprekker beide. Hoe dan ek moat de sprekker altyd behannele wurde as in optochte figuer.

Ek is de sprekker gjin alter ego. In alter ego kin in pseudonym, nom de plume of in twadde sels wêze dy’t libbet yn itselde liif. Mar it is gjin lyryske sprekker want op gjin inkeld stuit hâldt de alter ego op mei de skriuwer fan de tekst te wêzen. De alter ego giet troch mei de skriuwer materieel te fertsjintwurdigjen, wylst de sprekker tydlik tsjinnet om te stean foar wat de skriuwer ferkenne wol troch de emoasjes en gefoelens fan ferskate personaazjes.

Let us go then, you and I,
When the evening is spread out against the sky
Like a patient etherized upon a table;
Let us go, through certain half-deserted streets

Al liket it as woe T.S. Eliot Alfred Prufrock as in alter ego brûke om syn eigen emoasjes te ûndersykjen, dat is net sa. Der binne lytse ferskillen, lykas dat Eliot yn 1909 in jonge man wie en Prufrock – in ‘prude’ yn in ‘frock’ – in keal wurdende man fan wierskynlik middelbere leeftyd. Mar dêr’t it om giet is dat Eliot neat op hie mei poëzy dy’t hin rjochte op de dichter sels. Yn syn essee ‘Tradition and the individual talent’ skreau er dat de “progress of an artist is a continual self-sacrifice, a continual extinction of personality.” Syn tinken oer it ferdylgjen fan de persoanlikheid wurket er út yn it essee ‘Hamlet and his problems’: “The only way of expressing emotion in the form of art is by finding an ‘objective correlative’; in other words, a set of objects, a situation, a chain of events, which shall be the formula of that particular emotion.”

De ‘objective correlative’ is in taastbere, konkrete rige fan dingen of foarfallen dy’t systematysk beskate emoasjes ferbyldzje: it is it artistike meganisme dat de emoasjes opwekke moat by it publyk. Want hoe sterk oft de – eigen, persoanlike – emoasjes ek binne, as dy net skoarre wurde troch de feiten yn it fers, dan snapt it publyk net wêrom’t de sprekker sa dramatysk docht. Dan mislearret it fers as in keunstsinnige utering.

Wat de ferteller yn ’e lyryske tekst oanbelanget, wat docht dy dêr? De ferteller, ien dy't it ferhaal fertelt, is yn in fiksje-wurk dejinge dy't it ferhaal syn perspektyf (point of view, PoV) bepaalt. Docht de ferteller hielendal mei oan de hanneling fan it ferhaal, dan is it ferhaal yn de earste persoan, sit de ferteller net as personaazje yn it ferhaal dan giet it om in tredde-persoanfertelling. Jo hawwe soms mear as ien ferteller, lykas yn ’e briefroman, of in alwittende, ûnbetroubere of opkringerige ferteller, ien dy’t sels hieltyd syn eigen ferhaal ûnderbrekt. Mar lyryk is definearre as net-dramatyske, net-narrative tekst. It soe gjin ferhaal fertelle.

Oarspronklik waard it lyryske fers skandearre as in lofliet op de goaden. Mar lykas de epyk en ballade pasten se de lyryk al gau ta om ierdske helden en geleafden te priizgjen, tink oan Catullus. In soad iere Europeeske dichters, bygelyks Petrarka, modernisearren de lyryske tradysje mei lange sonnetten om harren minneressen te loovjen, wylst religieuze dichters lyryk begûnen te brûken om har yntime bân mei god en Kristus te besjongen. Nei 1600 ûntjoech de lyryk him rûchwei yn fisuele lyryk, tinkbyldlyryk en gefoelslyryk. It fisuele of konkrete fers stiet struktureel foar wat de wurden as idee oerdrage. Tinkbyldfersen binne ynformatyf of, lykas dy fan Pope, satirysk. Gefoelslyryk makket it grutste oanpart út, mei mystike en sinlike – leafdes- en drinklieten – en yntellektuele fersen. Prototypyske yntellektuele lyryk sjogge jo yn ’e Dútske romantyk en by de Frânske Symbolisten, dy’t op in yntellektuele manier har persoanlike tastân en gefoel besykje te beskriuwen.

Sadwaande soe der yn fiksje-wurk in tsjinstelling wêze tusken narrative en lyryk. Aristoteles definiearre lyryk as: “de dichter kin imitearje troch te fertellen – yn dat gefal kin er in oare persoanlikheid oannime sa’t Homearos docht, of sprekke yn syn eigen ûnferoare persoan.” Dêrûnder leit it idee dat it doel fan poëzy, sels dat fan de lyryk, it neidwaan – de imitaasje – fan de hanneling is. By lyryk is de ferhâlding fan de dichter ta syn wurk it meast direkt persoanlik. It ekspressive aspekt waard dêrtroch wichtiger as it mimetyske. Dêrfandinne de opfetting fan lyryk as in net-narratyf fers, as tekst om de moedstastân út te drukken, in stimming, de groei fan ien syn gedachtegong ensafuorthinne.

Mar betink dat de measte lyryske fersen wiswol in narrative grûn hawwe en ek beskreaun wurde kinne yn wurden fan hanneling. Hast alle fiksje-teksten fertelle. Nettsjinsteande de klam op byld fertelde ek it Imagisme, de meast strange beweging yn de Ingelsk-Amerikaanske poëzy eat, lykas Ezra Pound yn ‘The encounter’.

All the while they were talking the new morality
Her eyes explored me.
And when I arose to go
Her fingers were like the tissue
Of a Japanese paper napkin

De fertelfunksje stelt easken oan de lyryske sprekker. In goeie ferhaleferteller en, ipso facto, de lyryske dichter moat fassinearre wêze troch syn eigen ferhaal, hy moat it psychologysk ynsjoch hawwe om de taharker yn it ferhaal te sûgen, hy moat suspence brûke om it publyk op it puntsje fan ’e stoel te binen en hy moat it in kompleks ûnderwerp yn behapbere stikken brekke kinne mei oansprekkende (foar)bylden. De lyryske sprekker, as in útfining fan de dichter om de emoasjes en ûnderfiningen te ferpersoanlikjen, kin fierder, ôfhinklik fan wat de dichter oerdrage wol en hoe’t er de gefoelens en sa oerdrage wol, útinoar rinnende stimmen en hâldingen oannimme. De sprekker syn stim kin yn de earste of twadde persoan wêze, hy kin komme fan de skriuwer of ferteller en mankelyk of fereale wêze. De hâlding kin doelberet wêze, of somber.

De stim yn it gedicht kin tsjin himsels prate of tsjin gjinien, tsjin it publyk prate, of as in dramatysk personaazje op rym prate. It earste gefal, en by útstek it twadde, smyt de fraach op fan: wa praat? Is de sprekker (dochs) identyk oan de skriuwer – sa’t bygelyks Eliot tinkt? Mar sels as de figuer yn it fers identyk liket oan de dichter is der ôfstân tusken it personaazje en dejinge dy’t it fers skreau. Sels dan is de sprekker fan in fers in personaazje dat optocht is mei in beskaat doel, nammentlik om de skriuwer mear skeppingsromte te jaan: de persona, dus in rol, in masker. De lyryske behanneling fan de tekst, lykas mei objective correlatives, garandearret de artistike romte: de skriuwer hoecht net alles dêr’t er oer skriuwt sels krekt sa meimakke te hawwen mar kin in oare persoan skeppe om oer saken te praten dêr’t er net needsaaklik ferstân fan hat. Hy kin in persoan mei in oar perspektyf of moed optinke. Dialoochfersen litte ferdielde moedstastannen sjen.

It lêste gefal is de net-echt dramatyske persona, mear in personaazje dat himsels útbyldet, mei syn persoanlike aard en eigenskippen, op in betsjuttingsfol, kritysk stuit yn syn libben, in bysûndere situaasje, ta immen sprekkend dy’t net direkt sjen litten wurdt mar wol ôflaat wurde kin: yn in dramatyske monolooch. Mar yn it generaal sette lyryske dichters har werklike persoanlike ûnderfiningen en nauwe bannen en de beskriuwing fan echt gefoel yn as har materiaal. De essinsjele ynhâld fan it gedicht is net it ferhaal oer de ynteraksje tusken de personaazjes; it giet oer de dichter syn gefoel en persoanlike ynsjoggen.

Autobiografyske lyryk stelt ús foar fragen. Hoe hingje lyrisiteit en narrativiteit gear yn sokke poëzy en hoe ferhâldt dy gearhing him ta de poëtyske stim? Wêr sitte dy fersen op de nonfiksje-fiksjeline? Hoe drage stylfigueren by oan de betsjutting fan it wurk? Hoe kompleks oft de matearje ek is, jo kinne sizze dat typyske autobiografyske lyryk wat woartels yn de skriuwer syn libben hat, mar it opnimmen fan dy ûnderfiningen yn poëtyske lyryk feroaret har. Sa wurdt de narrativiteit minder en de lyrisiteit sterker, de fraach Wa praat wurdt relevant en tagelyk sinleas, mei’t de lyryske transformaasje stal krijt, en wy moatte de lêzer syn ferwachting fan narrativiteit (en fan wat meimeitsjen is) besjen yn it ljocht fan lyryk en autobiografyske lyryk, om’t stylfigueren – lyryske behanneling – bydraacht oan de betsjutting fan de tekst.

They throw in Drummer Hodge, to rest
      Uncoffined—just as found:
His landmark is a kopje-crest
      That breaks the veldt around;
And foreign constellations west
      Each night above his mound.

Yn it lyrsyk fers, lykas hjirboppe yn Thomas Hardy syn oarlochsoantinzen, fertelt ien oer in barren, tastân, gefoel, miening of prakkesaasjes oer eat. Net allinne it boadskip, ek sprekker en tahearder binne ambigú. Eventueel fertelt ien oan himsels. Likegoed kommunisearret poëzy. By autobiografyske poëzy liket it praten faak in praten tsjin it sels as oar. Identiteit is mearfâldich en autobiografysk materiaal pleatst himsels oars as by streekrjocht fertellen, want lyryk freget net nei wa’t praat yn de sin fan hokker spesifike persoan hat it meimakke. Ommers lyryk draacht – is ek de lêzersferwachting – net sasear in hanneling oer dy’t ûnderfûn is. Faaks giet in beskate ûnderfining werom op in spesifike ûnderfiner, mar in emoasje is algemien en heart net ta oan immen yn ’t bysûnder.

Fierder moat ek in autobiografysk lyrysk fers de lêzersferwachting, dat it ús grif eat fertelle wol, ferbine mei hoe’t lyryk himsels delset, dus sjongerich en mei stylfigueren. Sadwaande is it net beheind ta in ferhaal, mar definearre as retoaryske hanneling. As lêste kinne lyryske fersen likegoed as autobiografyske ús ta in beskate hichte eat fertelle en se kinne in ferteller en ferhaal hawwe, mar dat docht der net ta: ommers wy moatte dochs beslist omtinken jaan oan stylfigueren. De primêr tapaste stylfiguer is fersifikaasje. Dat makket dalik it sprekken dizich en ambigú, want de bân mei de werklike wrâld hieltyd wurdt útsteld. Mar sok útstel is net itselde as yn fiksje. Yn sommige fersen skoot poëtysk útstel just it hiele idee fan fiksje fan tafel, om’t it fers it te drok hat mei sizzen wat it seit en de net-narrative oanpak lit de lêzer it fers ferbine mei de skriuwer.

Wa praat? is dus net perfoarst relevant. Wêr’t it om giet is oft de tekst slagge is as keunstsinnige utering. De lyryske sprekker is de stim efter it fers of de roman. Hy is dejinge dêr’t wy ús fan foarstelle dat er oan it wurd is en oan wa’t wy de hâldingen en gefoelens dy’t de tekst beskriuwt takenne. In ‘ik’ yn de tekst suggerearret dy syn direkte belibjen fan de hanneling yn ’e tekst. Mar dy autentisiteit ûntslacht de skriuwer fansels net fan de plicht om omtinken te jaan oan poëtyske styl, noch om it ferhaal fan syn ‘ik’ treffend te fertellen. De ‘ik’ gefoel spije litte is net genôch. De skriuwer bringt de lyryske sprekker syn emoasjes en toan foar’t ljocht, hy makket dy oannimlik troch it tema en de feiten yn de tekst te ûnderstreekjen. Krekt as de skriuwer op dy manier it gefoel fan de ‘ik’ solide en boeiend ynbêdet yn de hanneling, snapt de lêzer wêr’t it gefoel weikomt, fynt er de sprekker net mar in oansteller en is it wurk slagge.

Literatuer

T.S. Eliot, ‘Hamlet and his problems’ [1919], The sacred wood (Methuen & Co., 1920) 87-94.

Hjir fine jo hoe’t jo in gedicht skriuwe kinne.
Hjir fine jo hoe’t dichters nei delskriuwen fan de earste skets it opnij-skriuwen, revision, fan in fers oanpakke.
Hjir fine jo hoe’t jo jo fersen ta in poëzybondel oarderje kinne.
Hjir demystifisearje wy it artistike proses.
Hjir wize wy de grinzen en beheiningen oan fan lyryske poëzy.
Hjir wjerlizze wy it mearke dat poëzy dreech en ûnbegryplik wêze moat.
Hjir gean wy yn fûgelflecht troch de teory fan poëzy.
Hjir skiede wy pseudopoëzy fan keunst.
Hjir somje wy op wat skriuwers dogge om oan it skriuwen te bliuwen.
Hjir bepleitsje wy it wêzentlik belang fan tiidwurdstiid foar de dichter (en proazaskriuwer)

Grutmasterkursus Poëzy

Grotesk Grutmasterkursus Poëzy

De allerearste masterclass Fryske poëzy ea, op 26 en 27 septimber 2020 yn Tresoar.
Kursuslieders Elmar Kuiper en Abe de Vries. Doch mei!

Hjir fine jo alle ynformaasje

Hjir melde jo jo oan