It stege mearke fan ’e drege poëzy
Poëtysk snobisme is oeral. Kloften dichters meitsje har poëzy doelberet sa yngewikkeld dat it de ierdbewenner boppe de pet giet, mei it ferlechje dat it Verfremdungseffekt en de ôfstân fan de dichter ta de maatskippij keunst opsmite. Mar opsetlik obskurantisme is au fond in teken fan loai skriuwerskip: gjin war dwaan wolle foar in perfekt strakke rigel en in helder klinkende strofe.
“I don’t get poetry”, tusken skrapkes, hat likernôch 23.100 risseltaten op Google. Nederlânsk “Ik begrijp poêzie niet” (ek skrapkes) hat inkeld seis risseltaten, mar ien dêrfan is nijsgjirrich. Jazzpianist Vijay Iyer seit: “Jo sizze dochs ek net: ik begryp poëzy net. Nee, fansels begripe jo poëzy net by de earste kear lêzen. Dêrom is it poëzy.” ‘Dêrom’ wiist in reden oan. Poëzy wurdt net feroarsake troch in ûnbegryplike wrâld, nee: eat is poëzy om’t it ûngegryplik is, oftewol om’t it net begryplik wêze wol.
Wêrom seit er der net by en gjinien frege it, sa wûn binne wy oan de mystifikaasje fan poëzy. By it poëzy lêzen op skoalle moatte wy sykje nei de wiere betsjutting fan ‘moanne’ en ‘sinne’ en ‘tij’. Wat wol Maya Angelou dêr no echt mei sizze. As wy net witte wat se bedoelt hearre wy dat wy net hurd genôch leare foar poëzy, dat wy in hâlding oannimme moatte dy’t ús weihellet by it spontaan opsûgen fan de tekst. Dat tinken sit djip. De ferneamde kritikus Harold Bloom skriuwt: “The art of reading poetry begins with mastering allusiveness in particular poems, from the simple to the very complex.” Dat is ûnsin. Earst moatte jo jo ôffreegje oft jo überhaupt de keunst fan poëzylêzen yn ’e macht ha wolle, want SF is ek prachtich. Twad, wolle jo poëzy lêze—en jo witte wat jo derút helje wolle—dan begjint dat fansels net by it bestudearjen fan de antike myten en de wrâldfilosofy dêr’t gedichten nei ferwize kinne. It begjint mei it lêzen fan in tekst.
Taal hat nea ien betsjutting, de ferhâlding tusken signifiant—it lûd of teken foar eat—en signifié—it idee of konsept derfan—is arbitrêr en konvinsjoneel. Mar dat is wat oars as de oanname dat poëzy in ferburgen betsjutting hawwe soe, lit stean dat eat krekt poëzy is as de dichter aktyf oan it betsjutting ferstopjen west hat. Dochs sjogge wy komyske, lichte, satiryske of oare fersen mei in foar de hân lizzende betsjutting, as poëzy mei ‘minder’ betsjutting en dus minder artistike wearde. Dat is ûnfundearre; dat poëzy jildt as dreech hat te meitsjen mei wat wy ferwachtsje—betink dat bern faak hiel maklik poëzy lêze & skriuwe want dy ferwachtsje noch neat—fan de tsjuttingskrêft fan taal.
In dichter beskriuwt dingen dy’t noch gjin wurden hawwe. De ‘feiten’ fan it libben komme net yn narrative foarm. Se komme yn plaatsjes, tinkbylden, soms yn emoasjes; mar net yn taal. En taal is feilber. As immen syn aventueren glêshelder oerdrage wol, seit G.K. Chesterton, “he is assuming the infallibility of language: that is to say, he is assuming that a man has a word for every reality in earth, or heaven, or hell.” Op ’en heechst sette wy ús ûnderfiningen los oer yn taal, mar it alternatyf is ûnsisberens, dus “he seriously believes that these things can every one of them, in all their tones and semi-tones, in all their blends and unions, be accurately represented by an arbitrary system of grunts and squeals.”
Minsken prate metafoarysk—de kultueryndustry ‘wankelet’ net letterlik troch it koronafirus—want se kinne net op in oare manier abstrakte saken útwikselje. Wierskynlik jouwe metafoaren in evolúsjonêre foarsprong. Mar de teory is al lang net mear hâldber dat de minske altiten, net-logysk of pre-logysk, leaude yn de identiteit fan in objekt en de metafoar dêr’t er dy mei oantsjutte.
Krekt oarsom wie de sekuere en yngeande kennis fan syn omkriten en de mooglikheden dy’t dy him joegen de wichtichste betingst om syn prekêr bestean fol te hâlden. In ûndersiker nei de oarsprong fan de metafoar seit: “Die enge, keine Illusion zulassende Vertrautheit mit einer Umgebung ist eines der wesentlichen Mittel des tiefstehenden Nomaden, den Kampf ums Dasein bestehen zu können.” Myten komme dus net fuort út fersinnen troch de metafoar. Ferhalen oer goaden en helden binne net it gefolch fan ‘de sykte fan taal.’ De figurative taal fan de primitive minske hie in praktysk of emosjoneel doel, of ferfangingswurden waarden brûkt op plakken mei gefaar, om gjin panyk te skoppen. Mar ús oerlibjen is ôfhinklik fan kleare taal: wês warskôge as jo op it ynternet in poëzyles sjogge dy’t begjint mei de metafoar.
Us leke-opfetting fan figurative taal is in soarte fan blomrike manier om just net te sizzen wat jo miene, wat hiel natuerlik foar wêze soe poëzy (en polityk, seit Orwell). Dochs meitsje goeie dichters it nea moedwillich yngewikkeld sadat de lêzer om ’e betsjutting speure moat. Al wat sy besykje is om komplekse werklikheden sa simpel, kompakt en treffend mooglik oer te dragen. Poëzy, seit Matthew Zapruder, is net moai sein of estetysk heechsteand; it is “that it somehow almost gets to something that you just can’t quite articulate.” “Alles Lyrische muß im Ganzen sehr vernünftig, im Einzelnen ein bißchen unvernünftig sein,” sei Goethe. Details meie in tikje yntrigearje en ferfrjemdzje. Poëzy yn syn gehiel moat begryplik wêze.
Mar de myte oer de aard fan poëzy makket dat jonge dichters ‘poetysk’ leare te skriuwen ynstee fan poëzyskriuwen. Se tinke dat se it mystearje fan it libben yntinser delsette as se opsetlik obskuer, esotearysk en dichterlik dogge. (Foardiel is dat jo inkeld fan in folslein ûnbegryplike god sizze kinne dat dy abslút goed is; it ultime Hollywood-personaazje Unbegryplikstra is in robot mei blypkes.) Wy kenne allegearre wol dichters dy’t mei opsetsin nuvere grammatika brûke. De anastrofe is populêr, dichters helje har rigels graach troch de Yoda Language Generator: “Eftsoons his hand dropt he.” Om har firtuoazens te bewizen keare se elke rigel op ’e kop en struie se mei fernimstige neologismen. It kostet har jierren om dat ôf te learen en lang om let poëzy te skriuwen—as se dat ea berikke.
- Wês direkt: in fers is gjin wyn-etiket, sis: Jo kin ’m dalik drinke of oplizze yn ’e kelder
- Heapje gjin bylden en (deade) metafoaren as jo noch net witte wêr’t jo it oer ha wolle
- Jou basisynformaasje: wêr binne wy, wat is der te rêden, wa is de sprekker?
- Folgje de grammatikaregels
- Lês it fers lûdop en pleats it enzjambemint dêr’t it gearfalt mei it praatritme
- Skras betiizjende symbolyk en giseljende dramafrasen
- Gean iepen ein-taal út de wei: ‘behannelje de klant mei respekt’ betsjut neat
- Nim simpele, alledeistige diksje: in dichter hat it net oer azuer, dy seit fan blau
- Meitsje bylden konkreet en taastber
- Liivje humor yn, en kitsch
- Post net elke dichterlike snipel: poëzy foar josels hâlde jout in ûnmijitlike frijheid
Hjir fine jo hoe’t jo in gedicht skriuwe kinne.
Hjir fine jo hoe’t dichters nei delskriuwen fan de earste skets it opnij-skriuwen, revision, fan in fers oanpakke.
Hjir fine jo hoe’t jo jo fersen ta in poëzybondel oarderje kinne.
Hjir demystifisearje wy it artistike proses.
Hjir wize wy de grinzen en beheiningen oan fan lyryske poëzy.
Hjir gean wy yn fûgelflecht troch de teory fan poëzy.
Hjir somje wy op wat skiuwers dogge om oan it skriuwen te bliuwen.
Hjir skiede wy pseudopoëzy fan keunst.
Hjir bepleitsje wy it wêzentlik belang fan tiidwurdstiid foar de dichter (en proazaskriuwer).
Hjir beakenje wy de funksje ôf fan jo lyryske sprekker of ik-figuer.
Grutmasterkursus Poëzy
Kursuslieders Elmar Kuiper en Abe de Vries. Doch mei!