demystifikaasje fan it artistike proses by it kreative skriuwen

It artistyk proses

Keunst is heimsinnigens en myte om hinne. Keunst soe ûntsprute oan ‘jûn’ talint. Is it talint efkes fuort dan blaast de muze in ambachtsman it keunstwurk yn. Sa beheint de ûntjouwing fan keunst him ta de beskikberheid fan in willeas fet foar de jefte fan god of fan dom DNA foar it keunst-gen, plus eventueel wat technyk. Heech tiid foar it opheffen fan de heimsinnigens oer it artistike proses.

“Want het groote geschiedt niet bij impulsie alleen en is een aaneenschakeling van kleine dingen die tot elkaar gebragt zijn,” skriuwt Vincent van Gogh syn broer Theo.

Wat is het teekenen? hoe komt men er – ’t Is een zich heenwerken door een onzigtbaren ijzeren muur die schijnt te staan tusschen wat men voelt en wat men kan – Hoe moet men door dien muur heen komen – daar er tegen beuken niets helpt. Men moet dien muur ondermijnen en doorvijlen langzaam en met geduld mijns inziens en ziedaar – hoe zal men aan zulk een werk assidu blijven zonder zich te laten afbrengen er van of afleiden   tenzij men nadenke en zijn leven regele naar principes. En zoo als ’t met het artistieke is zoo is het ook met andere dingen. En het groote is niet iets toevalligs     het moet wel degelijk gewild worden.

Al mist in skerpe definysje fan keunst en al is it ûnderskied tusken goeie en minne keunst frij subjektyf, keunst is net samar wat de taskôger sels útmakket. Jo kinne net eat keunst neame dat it net is. In ambachtsman is gjin keunstner. Ambachtslju binne treend yn techniken. Har fakmanskip op in beskaat mêd kin sa grut wêze dat har produkten trochgean foar keunst. Tink oan gebrûkspoëzy, ek wol leechlizzend middle-brow-poëzy neamd, foar op brulloften en by wize fan In Memoriam. Mar in keunstner moat mear biede as in masterwurk fan technyske perfeksje. In keunstner moat har bewust wêze fan har rol en se moat eat oer it libben sizze dat derta docht. Keunst grypt yn ús wrâld yn: it fernuveret, it ferwûnet, it twingt ús in kar te meitsjen.

It ferskil tusken ambacht en keunst falt foar in part gear mei it ferskil tusken ferdivedaasje en keunst. De moeting tusken útfierder en publyk is folle dûbelsinniger en komplekser yn ’e keunst as yn ’e entertainmentyndustry. Dat in keunstner ûntlient oan in heale ieu popkultuer is wat oars as dat er deroan meidocht. Mar as estetyk in minder wichtich doel wurdt as sichtberens en ferkeap, soene jo sizze kinne dat der gjin sprake mear is fan keunst; dan is der ferdivedaasje en ûntspanning. Grutte kunst kin fermeitsje, mar fermeits is samar oer, wylst keunst bliuwt. Want by keunst leit de belutsenheid fan keunstner en publyk by ynspanning en by útstel fan flugge befrediging fan ferlet, om wat nijs te witten te kommen.

Keunst dielt mei wittenskip it plak fan de essinsjele minkslike akiviteiten dy’t ús tinke litte. Der is wol sein dat wittenskippers tinke oer hoe’t foarútgong liedt ta feroaring en keunstners tinke oer hoe’t feroaring liedt ta foarútgong. Keunstners prakkesearje oer kwestjes, ideeën en ûnderfiningen om fantasyrike ynsjoggen foar ’t ljocht te bringen: dat is krekt wat it artistike proses is. Mar it meitsjen fan keunst is net werom te bringen ta de oersichtlike kognitive stappen fan de wittenskip, op basis fan oarsaak en effekt, grûnstof en útstjit, proses en produkt. Keunst skeppen bliuwt in moeting fan keunstner en minsken, ideeën en hannelingen dy’t werheljend, sykjend en strategysk is: rommelich dus—mar net heimsinnich.

  • It artistyk proses is it yntellektuele belizzen, lykas leare en karren meitsje, yn de abstrakte ûndernimming dy’t wy ‘keunst’ neame. Om te begjinnen moat in keunstner witte wat se sizze wol en tsjin wa. Hoe ferfine moat it wurk wurde? In trantsje fluitsje is fan in oare emosjonele djipte en easket minder kennis en besinning as Picasso syn Les Demoiselles d’Avignon. Yn it alderearste begjin fan it skeppen fan it keunstwurk leit it publyk en it fermidden derfan al besletten. De keunstner hat dêr de kar foar makke troch de aard fan it wurk te kiezen.
  • Bewarje lykwicht fan tinken en technyk. Dat in skepping bart yn in keunstsinnich medium is sinneklear, ferve of brûns of in didgeridoo. Mar sadree’t dat tajûn is, docht bliken dat neat fêststiet oer ekspresje en de ekspresjonist—lês: romantikus—sil derop út wolle dat it keunst=(ek)medium-stânpunt temin seit oer it skeppings­proses: dat keunst in ekspressyf proses ís. Ek soe foar ekspresje mear nedich wêze as dat de keunstner eat makket, want pas doelberette selsekspresje soe gearfalle mei it skeppen fan keunst. Ekspresje is lykwols net needsaaklik fan gefoel. Richard Scruton seit dat keunstwurken de ekspresje wêze kinne fan “thought, attitude, character, in fact, anything that can be expressed at all.” Yn Romeo and Juliet is dat “death-marked love”, mar wat alle keunstwurken karakterisearret, likefolle de aard fan ’e trageedzje of it soart emoasje, is de ekspresje fan spanning en loslitten. Dat estetyske prinsipe, spanning en loslitten, is essinsjeel foar it slagjen fan it wurk. It lykwicht en kontrast fan de spanningsbôge wurdt berikt trochdat de keunstner om syn figuer del te setten hiel sekuer, subtyl en raffinearre syn ark útkiest. Sûnder yngeand te oefenjen mei technyk kin dat net.
  • Wês objektyf oer de eigen foarútgong. Technyske foarútgong nimt dissiplinearre droech-oefenjen en it is net de bedoeling dat ûnwissens dy deistige transpiraasje opkeart. Dus hâld jo sterke en minder sterkte punten goed by, mar mei it each op ferbetterjen. Jo sille sjen dat jo konstruktive selskrityk jo ôfbrekkende krityk ynhellet. It byhâlden fan in learline makket it personalisearjen fan jo wurk makliker. Op in tiid fan technysk wrakseljen folget faak in artistike trochbrek.
  • De eigen stim fan de keunstner. Konformiteit is foar de kij. Wis wolle keunstners der ek allegearrre by hearre, ommers se binne mar minsken: har natuer twingt har op ’e knibbels om akseptaasje en just leafde fan de kammeraten ‘ynspirearret’ har. Mar keunst is gjin kreative yndustry: jo kinne de oaren net kopiearje. Keunst is keunst troch it aura fan autentisiteit, dus it keunstwurk syn unike hjir & no. De kearn fan in eigen stim is dat dy duorsum en gearhingjend is. Jo werhelje eleminten troch jo hiele oeuvre hinne: bylden, kleuren, tekens ensafuorthinne. Jo dogge dat net om’t werkenber wurk better ferkeapet; jo dogge it om’t it folgjen fan nije moades en trends op ’e keunstmerk derta liede sil dat jo jo ferfele en jo ûnynspirearre fiele mids jo reproduksjes.
  • De artistike kontrôle, dat is in lange termynproses, mar oan it ein wachtet yntuisje. Yntuysje is witte sûnder diskursyf, rasjoneel tinken dat eat sa is: it fiele yn jo bonken. Yntuysje is altyd in oardiel, en as sadanich net subjektyf, mar ien dy’t fuortfloeit út in estetyske waarnimming. Mei keunst ha wy—oars as mei ús tafel—in Buberiaanske Ich und Du-ferhâlding: it keunstwurk sprekt ús oan. It is dizze dialooch tusken de keunstner en har medium, bygelyks har muzykkomposysje, dy’t liedt ta it ‘finen’ fan artistike betsjutting troch it meitsjen. Om dêr te kommen, sûch alle grûnregels en techniken op dy’t akseptearre binne as standert, fan de âlde deade dichters oant de nijste uteringsfoarmen. Sykje fan tradisjonele keunstfoarmen de oarsprong: wannear kaam de foarm op en wêrom. As jo witte wêr’t jo stean yn it fjild, mei jo ekspresje en jo stim, trene jo gefoelichheid foar ûntjouwingen en komme jo foaroan te rinnen yn de artistike evolúsje.
  • Wat de ynspiraasje oangiet, wy witte net wêr’t ús ideeën wei komme. Dat betsjut dat it artistike proses al dalik fan it begjin ôf tsjuster is. Wol wolle alle keunstners wat sizze dat universeel en tagelyk individeel en unyk is. Dat betsjut dat in keunstwurk hast altyd autobiografysk is en dochs ûnderfiningen besiket te kommunisearjen dy’t alle minsken werkenne. Op dy manier keunst te meitsjen easket in grut selsbewustwêzen: in refleksje op jo fjochtsjen, flechtsjen en friezen yn in reach fan ferhâldingen mei oaren of just as klúzner yn in lege kosmos.
  • Keunst is in eksperimint, in doelberet swalkjen, net fiif minuten mar jierrenlang. Swalkjen betsjut net dat perfeksje der net ta docht, mar wol dat mislearjen, nearne útkomme, likefolle kennis opsmyt as slagjen. Jo witte better wêr’t jo ta by steat binne, wat jo djippere ideeën ynhâlde, wêr’t jo bang foar binne. It punt fan keunst is net om sa gau mooglik in produkt te krijen, of in produkt dat goed ferkeapet, of eat ûntdekke ynstee fan wêr’t keunst foar is: eat út te finen. “I always question artists who are successful in whatever they do—I think,” seit Marina Abramović, “what that means is that they’re repeating themselves and not taking enough risks.”
 

Hjir fine jo hoe’t jo in gedicht skriuwe kinne.
Hjir fine jo hoe’t dichters nei delskriuwen fan de earste skets it opnij-skriuwen, revision, fan in fers oanpakke.
Hjir fine jo hoe’t jo in jo fersen ta dichtbondel oarderje kinne.
Hjir wize wy de grinzen en beheiningen oan fan lyryske poëzy.
Hjir wjerlizze wy it mearke dat poëzy dreech en ûnbegryplik wêze moat.
Hjir gean wy yn fûgelflecht troch de teory fan poëzy.
Hjir somje wy op wat skiuwers dogge om oan it skriuwen te bliuwen.
Hjir skiede wy pseudopoëzy fan keunst.
Hjir bepleitsje wy it wêzentlik belang fan tiidwurdstiid foar de dichter (en proazaskriuwer).
Hjir beakenje wy de funksje ôf fan jo lyryske sprekker of ik-figuer.

Grutmasterkursus Poëzy

Grotesk Grutmasterkursus Poëzy
De allerearste masterclass Fryske poëzy ea, op 26 en 27 septimber 2020 yn Tresoar.

Kursuslieders Elmar Kuiper en Abe de Vries. Doch mei!

Hjir fine jo alle ynformaasje

Hjir melde jo jo oan