Eppie Dam

Koartwei

Eppie Dam is in eardere ûnderwizer dy’t neat leaver die as de wrâld begryplik en betsjuttingsfol meitsje mei it fertellen fan ferhalen. Utsein in hege steapel berneboeken hat er sa’n tweintich dichtbondels skreaun, hanfollen lieten en liturgyen, in stikmannich ferhalebondels en dêrneist kollums en literatuerkrityske stikken.

Jo soene dy rispinge gearfetsje kinne as ‘bysûnder produktyf en alsidich’, as Dam dat net sa’n saai klisjee achte hie – lykas nammers it Fryske klisjee ‘komt út in agrarysk fermidden’. Mar, al hat Dam nea in boereroman skreaun, de reade trie yn syn oeuvre is it down to earth meilibjen fan de minske mei syn omkriten: harkje nei inoar en nei de moskjes.

Eppie Dam hat yn 2017 de heechste Fryske ûnderskieding foar de literatuer krigen, de Gysbert Japicxpriis. Hy wurdt dêrneist priizge om syn besinningslieten: de bêste lieteman fan Fryslân.

Yn syn simmerfakânsje lies Eppie Dam de biografy fan dichter-filosoof Dèr Mouw, Alleen in wervelende wereld troch Lucien Custers. De mjuks fan natuer en it boppe-ierdske yn Dèr Mouw syn poëzy trúnde Dam oan om dermei oan ’e gong te gean, ynstee fan allinne te lêzen. De ferfryskingen binne net sasear in literêr projekt as in eksistinsjele reis: deryn dûke en mar sjen wêr’t jo wer boppe komme. De rige fan sechstjin sonnetten is sa keazen dat se de libbensline fan Dèr Mouw folgje.