Philippus Breuker

Koartwei

Ald-heechlearaar Frysk Philippus Breuker is al goed tweintich jier lang in liedend saakkundige op it mêd fan Fryske literatuer, kultuer en lânskip. Hy hat mear as twa dozyn wittenskiplike en mear op it brede publyk rjochte boeken skreaun oer de literatuer fan Fryslân, it libben en oeuvre fan Fryske dichters en de sosjale histoarje fan Fryske mienskippen en lânskippen. Dêrneist is er ko-auteur en redakteur fan withoefolle neislach- en standertwurken oer Fryske literatuerskiednis. It tal fan artikels fan syn hân yn kranten en tydskriften is net te tellen.

Breuker syn dissertaasje oer de Fryske dichter Gysbert Japix wûn de Halbertsmapriis en hy hat it wittenskiplik ûndersyk nei de skeppingen en it tinken fan de dichter Obe Postma yn ’e stegers set. De lokale skiedkunde har er in folwoeksen posysje jûn, mei yngeand argyfûndersyk en wiidweidige analyses fan it hanneljen fan de minske en de pleatslike mienskip yn feroarjende machtsferhâldingen en lânskipsarsjitektueren.

Breuker wie learaar út ropping. Hy wie—en is—in wurdearre sprekker op akademyske keynotes en ‘amateur’-presintaasjes, oer in breed ferskaat fan Fryske literêre ûnderwerpen, hy jout alle dagen oan studinten en ynstituten syn belutsen advys en assistinsje en is yn de Frysk-kulturele sfear in aktyf publisist.